Keatskes: 28-08-2016

Snein wie de grutte ôfsluting fan it keatseizoen yn Easterein mei de ledepartij en BBQ. En fierder is it seizoen ek hast oer foar de measte keatsers en makket elk him/har wer op foar de wintersporten. Mar der komme fansels noch in pear leuke wedstriden oan foar de manlju en froulju haadklasse en net te ferjitten de Ploech fan tsien http://deploechfantsien.nl mei de ‘Kippetjespartij’ op snein 18 septimber! De KNKB hat sels de wedstriden fan snein nei sneon fersetten.

 

Freed 26 augustus

 

Folsgeare – Federaasje jongerein

Ferslaggen en foto’s folgje noch….

 

Bitgum – van Aismadagen – froulju t.i.l.

In 2e priis foar Imke van der Leest mei Elly Hofman en Sjanet Wijnia yn Bitgum. Yn de finale waard ferlern fan de PC-keninginne en har maten mei 5-2:6-2.

20160826 BitgumVanAismadagenFroulju

 

Sneon 27 augustus

 

Bitgum – van Aismadagen – manlju ôfdieling

Foar Easterein op de list fan 17 partoeren Doede Rients Okkema, Gert-Jan Hiemstra en Jan Schurer. Se ferlieze de 1e omloop fan Seisbierrum mei 5-1:6-0.

 

Boalsert – Manlju 50+ A

Yn de A-klasse de krânsen foar Roel Sijbesma mei Piet Zondervan en Thijs Houtsma. Yn de finale wurdt wûn fan Tjeerd Dijkstra mei Piet Andringa en Ludwig Seerden.

Boalsert – Manlju 50+ B

Yn de B-klasse de krânsen foar Ype Tiemersma Anno Miedema en Wibe Hoitinga

20160826 BoalsertManlju50AB 

Tytsjerk – Froulju 1e klasse t.i.l.

Martine Tiemersma wint mei Boukje Houtsma en Melissa Hiemstra de krânsen. Sa hat it ierdappelhuske yn 1 wykein twa krânsen der by!

20160827 TytsjerkFroulju1eklasse

 

Snein 28 augustus

 

Easterein – Ofsluting seizoen op de De Jongpartij mei BBQ

Sjoch by wedstriidutslaggen, Leden.

 

Skearnegoutum – Pupillenjonges B

In 2e priis foar Jelmer Brouwer mei Scharnegoutum Daniël Meesters

20160827 SkearnegoutumPupillenjongesB 

Doanjum – Pupillenfamkes B

In 3e priis foar Judith van der Weerdt mei Femke Folkerts

20160827 DoanjumPupillenfamkesB 

 

Letter mear…