Live Jong-Feinte 2013

 

2007 JF SulverenLeest

 

 

 

 

 

 

 

 

Jong-Feinte: Wolkom!

 

Jong-Feinte: 1e omloop

 

Jong-Feinte: 2e omloop

 

Jong-Feinte: 3e omloop

 

Jong-Feinte: heale finale

 

Jong-Feinte: finale

 

Jong-Feinte: ferslach

 

Jong-Feinte: prizen ferlotting

 

 


Op de 4e woansdei fan july, 24 july 2013, sil de 9de edysje fan de Jong-Feinte hâlden wurde yn Easterein.

 

 

Mei dit nijsberjocht wurkje we ta nei de wedstriiddei en sille we op dy dei ek wer LIVE ferslach dwaan fan dizze spesjale ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17-21 jier dy stride foar harren doarp om de ear en fansels om de Sulveren Leest.

 

Sjoch de OPJEFTE-LIST

 


Op de KNKB-side stiet by de wedstriid in moaie ynlieding foar de Jong-Feinte partij.

 

Wichtich is yn lets gefal it folgjende:

Eltse feriening mei meardere partoeren ôffeardigje en yn elts partoer meie der twa keatsers út de kategory jonges opnaam wurde.

 

Sjoch by Jong Feinten Junioren – KNKB.

 


 

20 july 2013 – De lotting!

Gaast-Ferwoude, Dronryp 2, Tsjummearum, Seisbierrum-Pietersbierum 2, Wytmarsum, Jorwert en Arum binne der by kommen en de list fan de Jong-Feinte stiet op 25 partoeren.

De lotting wie op sneon 20 july 2013 en dit is de JONG-FEINTE-LIST.

By Lollum-Waaksens komt Joram Dijkstra der by.

 

 


19 july 2013 – moarn de lotting!

Yntusken binne Lollum-Waaksens en Wommels 2 ek fan de partij!

Seisbierrum-Pietersbierum, Achlum, Menaem, Frjentsjer 1 en 2 no ek op de list! Prachtich!

De teller stiet no op 18 partoeren.

 


17 july 2013 – noch in wike!

Ek Easterlittens en Dronryp binne fan de partij op dee 4e waonsdei fan july.

De teller stiet no op 11 partoeren.

Oanmelde kin oant en mei 20 july 2013, 19.00 oere!

 


16 july 2013 – noch 8 dagen

Jelsum-Koanrjum stiet ek op de list EN de beide finalisten fan it Nederlâns Kampioenskip junioaren, te witten St Jacob en St Anne steane der ek op. De teller stiet no op 9 partoeren.

Oanmelde kin oant en mei 20 july 2013, 19.00 oere!

 


15 july 2013 – noch 9 dagen

Boalsert en Wjelsryp steane ek op de list! De teller stiet no op 6 partoeren. We hoopje fansels op krekt sa’n moaie list as it NK foar junioaren. Wat in prachtige keatsdei yn Minnertsgea en wat in prima keatsniveau!

Dat junioaren en jonges, kom nei Easterein op 24 july 2013 en lit ús nochris genietsje fan jimme keatsen!

Sjoch ek it artikel op de KNKB-site.

 


12 july 2013 – noch 12 dagen

Yntusken ha we al 4 partoeren op de list. Neist Bitgum en Easterein ha Wommels en Berltsum har ek opjûn. Ek de parse jout al omtinken oan de Jong-Feinte.

Sjoch it berjocht fan it Bolswards Nieuwsblad.

 

 


5 july 2013 – noch 19 dagen

En ek Easterein stiet op de list. Doede Rients Okkema, Carlo Booms en Rémon Tie Bouma keatse. Der binne dochs mear junioaren EN jonges dy’t mei dwaan kinne?!

 

Sjoch by de OPJEFTE-LIST

 


4 july 2013 – noch 20 dagen

Ferslaggen 2005 -2012: we ha al in oantal ferslaggen op de website stean. Dy fan 2005, 2011 en 2012. De oare jierren folgje noch.

 

Sjoch by Jong-Feinte ynformaasje

 


3 july 2013 – noch trij wiken

We begjinne dit nijsberjocht meastal wat letter yn july of yn lets gefal by de earste opjefte foar de Jong-Feinte. En dit jier wie dêr samar Bitgum dy’t as earste op de list stie. Prachtich Bitgum, dat jimme fan de partij binne!

 

Sjoch by de OPJEFTE-LIST