Op 40ste frouljus PC gjin suksessen foar Easterein

As je de nijsberjochten oer de frouljus PC lêze gean dan binne dy ferskaat.

Wy hâlde ús derom allinnich mar efkes dwaande mei de 5 Eastereinder froulju dy der stienen!

En wat wie it waarm, mar ek tige gesellig yn Weidum. Organisaasje wer prima foar elkoar en in soad minsken ûntank it hyte waar.

20160824 FrouljusPC

(Foto: Suwarda Vis) 

Fan de 5 Eastereinder froulju kamen der twa yn de 2e omloop (Tineke en Imke) mar dy ferlearen dêr de striid.

De PC waard wûn troch Ilse Tuinenga (K), Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de finale wurdt wûn fan Louise Krol, Sandra Hofstra en Wiljo Sijbrandij mei 5-0:6-0. Dit partoer hie yn de 1e omloop hurd ôfrekkene mei it partoer fan Anne Monfils, Nynke Sybrandy en Marrit Zeinstra (5-3:6-4)

 

 

1e omloop 

As earsten kamen Tineke Dijkstra mei Hermine Sytema en Jeske de Boer tsjin Nelie Steenstra, Anna-Brecht Bruinsma, Geke de Boer en Sietske Okkema en Martine Tiemersma en Martzen Deinum tsjin Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Harmke Siegersma yn de krite. Nije kriich hjit de keatsferiening fan Weidum. No, dat hienen Tineke endy goed begrepen. Se keatsten goed, sawol taktysk as de ynset en lieten in prachtige partij sjen. De tsjinstanner dy der ek knap yn mei mar liet doch wol stekjes falle. De partij einige yn in 3-5:6-6 oerwinning foar Tineke endy.

 

Sietske en Martine sieten lykas harren maat Martzen net lekker yn de wedstriid. No dy bliken dat de tsjinstanner der ek net folle mear fan makke. Sadwaande waard it mear spannend dan goed en koenen we hoopje dat ek Sietske en Martine de 2e omloop helje soenen. Eilaas, se moasten dochs belies jaan tsjin Rianne Vellinga endy. Der waard ferlern mei 5-4:6-6 (neffens Sietske wie dit de 3e kear dat ja mei 5-4 ferlern: yn 2015 ferlieze Sietske, Sandra en Jelien mei 5-4:6-6 fan Iris, Feikje en Bianca, yn 2014 ferlieze Sietske, Anke en Jelien mei 5-5:6-2 fan Evelien, Esther en Annelien Broersma)

 

Imke vd Leest mei Iris van der Veen en Sjanet Wijnia (tsjin Joukje Kuperus, Klasine Huistra en Marije van der Meer) meitsje der ek in drege pot fan! Se komme samar 1-3 foar mar dan rint it hielendal net mear en komme se sels 5-3 efter. Se knokke harren werom yn de wedstriid en helje de 5-5. Se steane op winst op 4-6, mar it wurdt sels 6-6. De opslach fan Joukje wurdt troch Imke oer de boppe rost en sa helje se doch de 2e omloop.

 

Dan as lêste Marije Hiemstra mei Anke Winkel en Jennie Terpstra tsjin Jildou Sweering, Sigrid de Jong en Grada van der Schoot. Se sitte beide yn it lêste blokje en al binne de nrs 11- en 12 op de list wol better, je witte mar nea! Mar ja, hoe moatte we it sizze, it rint foar gjin meter mei de opslach en yn it perk giet it ek net lekker. De oaren ha de keatsoff wûn op de tongerdeis foar de frouljus PC en hienen fansels neat te ferliezen (se stienen op plak 13 mei mar leafst 258,6 punten minder dan nûmer 12!!). Mar Jildou endy keatse goed en winne dan ek dizze partij mei 5-2:6-0.

 

 

2e omloop

Sa Tineke endy de earste wedstriid keatsten hienen we wol hoop dat hja kânsen hienen tsjin Rianne Vellinga en dy. Mar de lêsten ha it fansels wol efkes tea hearen krige en sille sels ek wol witten ha dat it better moast. Tineke, Hermine en Jeske koenen it net risse en foelen wat stil, de belibbing fan de 1e omloop koenen we net sjen en sa ferlearen se mei 1-5:0-6.

 

Dan stie der noch yn frommes fan Easterein op it Weidumer PC-fjild te keatsen en dat wie Imke mei Iris en Sjanet. Se moasten it opnimme tsjin it favorite partoer fan Ilse Tuinenga cs en dat wie fansels in drege opjefte. Ek al om’t Sjoukje Visser ôfskie naam en dat partoer der dan ek alles oan dwaan soe om de PC te winnen. De 2e omloop slagge dat wol, winne, en dat bestjutte dus dat IMke endy ferlearen. Imke endy begjinne wol hiel goed en steane in spul foar. Mar dan begjint it te rinnen en binne de oaren ek ‘wekker’. It wurd 4-2 en sels 5-2, mar se knokke werom nei 5-3 as Imke de keats pakt op 6-6. Op 5-3:6-6 slacht deselde Imke de opslach fan Ilse kwea út en is it oer.

 

 

Lês ek it ferslach op KNKB.nl en sjoch de foto’s fan Henk Bootsma