Training & kompetysje

Wy organisearje ek dit seizoen wer seal- en fjildtrainingen ûnder begelieding fan (diplomearre) trainers. Wy sille dat dit jier dwaan yn gearwurking mei de keatsferiening fan Wommels. Hjirmei wolle wy de groepen grutter meitsje sadat eltse keatser en keatster safolle mooglik op harren eigen nivo traine kin. Ek ha wy dit jier in nije opset foar de sealtrainingen. We traine tidens de winterstop fan it fuotbal 4 kear yn de seal. De sealtrainingen binne yn sporthal ‘De Greidhoeke’ yn Easterein.

De sealtrainingen sille plakfine op sneontemoarn op de folgende data:

  • 19 jannewaris
  • 2 febrewaris
  • 2 maart
  • 16 maart

Wy traine yn de winterstop sadat de jongerein net yn de knoop komt mei it fuotbaljen. Wy hoopje dat dit in positive ynfloed ha sil op it oantal dielnimmers yn de seal. Nei de sealtrainingen gean wy it fjild op. Mochten jim ek op it fjild traine wolle dan meie jim dat alfêst opjaan mar dat kin letter eventueel ek noch. Jim krije dan opnij berjocht fan ús.

Omdat wy jimme allegearre graach yn de seal en op it fjild sjen wolle ha wy ek dit jier wer in ynteressante oanbieding! Wy kinne jimme it hiele pakket (seal- en fjildtrainingen) dit jier oanbiede foar in moai priiske. Mochten jimme dit graach wolle, dan krije jimme in koarting fan € 5,00 op it hiele trainingspakket.        

  • Kosten hiele pakket (seal- en fjildtraining)   € 25,00
  • Kosten allinnich sealtraining                          € 12,50
  • Kosten allinnich fjildtraining                           € 17,50

Graach krije we fan eltsenien reaksje! Ek as men net meidwaan wol oan de trainingen. Sadwaande kinne wy de groepen op tiid yndiele en ferjitte wy net ien.

Opjefte kin oant en mei moandei 14 jannewaris 2019!

Foar fragen kinne jimme kontakt opnimme mei Jan Schurer fia training@kfeasterein.nl

Opjefte trainingen

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.