Organisaasje K.F. Easterein
De organisaasje fan de keatsferiening Easterein bestiet út in haadbestjoer fan 7 leden en ferskate kommisjes. De kommisjes wurde wer oanstjoerd troch de bestjoersleden. Foar dizze organisaasjestruktuer is keazen omdat je dermei de taken oer mear minsken ferdiele kin. Dermei bliuwt it frijwilligerswurk aardich om te dwaan. By elts bestjoers- as kommisjelid stiet in koarte beskriuwing fan de taken. Neist it bestjoer en kommisjes kin keatsferiening Easterein ek noch beskikke oer 15-25 trainers, 30 team- en partoerbegelieders en ± 100 oare frijwilligers. It bestjoer is tige wiis mei al har frijwilligers en meinammen mei de altiid positive wize wêrop hja harren ynsette foar ús keatsferiening. Fan de KNKB út krije wy as feriening ûndersteuning yn de foarm fan in ôfdielingskonsulint en eltse feriening dy oansletten is by de KNKB hat de beskikking oer in útwreidich hânboek foar bestjoerlike, technyske en organisatoaryske saken.
Bestjoer & Kommisjes
Dirk-Yde Sjaarda | Foarsitter | foarsitter@kfeasterein.nl |
Wilma Sjaarda | Skriuwer | sekretariaat@kfeasterein.nl |
René Rijpma | Ponghâlder | ponghalder@kfeasterein.nl |
Chris Hoekstra | Technyske saken | tk@kfeasterein.nl |
Danny Roos | Jongerein saken | foarsitterjongerein@kfeasterein.nl |
Ids de Boer | Fjilden & Materialen | fmk@kfeasterein.nl |
Romine Jelsma | Wedstriid saken | opjefte@kfeasterein.nl |
Wiepkje Hiemstra | Algemiene saken | algemien@kfeasterein.nl |

Danny Roos | Foarsitter | foarsitterjongerein@kfeasterein.nl |
Annebeth de Jong | Skriuwer | jongerein@kfeasterein.nl |
Geertje Sijbesma | Kompetysje saken | kompetysje@kfeasterein.nl |
Klaas Sixma | Fasilitaire saken | |
Marijke Jellema | Wedstriid saken | opjeftejongerein@kfeasterein.nl |
Marit Kuperus | Algemiene saken | |
Peter Stuiver | Kontaktpersoan teamlieders | (net op de foto) |

Chris Hoekstra | Foarsitter | Begelieder senioaren/junioaren manlju en froulju | tk@kfeasterein.nl
(net op de foto) |
Sietske Okkema | Skriuwer | Begelieder famkes en skoalfamkes | (net op de foto) |
Jan Schurer | Trainingskoördinator | training@kfeasterein.nl | |
Johannes Hazenberg | Begelieder manlju 50+, jonges en skoaljonges | ||
Lysbet Schilstra | Begelieder welpen en pupillen |

Tjeerd Dijkstra | Foarsitter | fsk@kfeasterein.nl |
René Rijpma | Ponghalder | ponghalder@kfeasterein.nl |
Hendrik Kuiper | Relaasjebehear stipers | |
Hendrik Okkema | Relaasjebehear stipers | |
Tymen Dijkstra | Relaasjebehear stipers |

Mattie Dijkstra | Foarsitter | |
Judy Bergsma | Skriuwer | pr@kfeasterein.nl |
Akke-Jikke van Berkum | Ferieningsklean | |
Froukje Dijkstra | Foarmjouwing | |
Greet Jorritsma | Redaksje programmaboekje/jierferslach | |
Jetske Sieperda | Redaksje Jong-Feinte partij |

We bin alwer yn folle tarieding op it nije keatsseizoen. De wedstriidaginda is hast klear en sille we presintearje op de lede-gearkomste op 11 maart. Mar no alfêst wat saken oangeande de kommisje. We ha de taken herferdield:
- Wilma: foarsitter
- Mirjam: skriuwer (net op de foto)
- Romine: karmasters/frijwilligers
- Tineke: katering en krânsen
- Tjerk: wedstriidaginda
- Wietse: opjefte en lotting lede-wedstriden (net op de foto)
Sa’t jim lêze kinne nimt Wietse de opjefte en lotting fan Romine oer. Per 1 april hat hy it mailadres opjefte@kfeasterein.nl yn behear. Neist dit mailadres kin der no ek fia in groepsapp opjûn wurde foar lede-wedstriden. Mochten jim dêr yn wolle meldt dit dan efkes by Wietse, Dirk-Yde as Wilma. Groetnis fan de wedstriidkommisje.
Wat docht de wedstriidkommisje?
De taak fan de wedstriidkommisje is de organisaasje fan de K.N.K.B. partijen. Sa is der in draaiboek makke wêryn festlein is wa ferantwurdlik is foar bepaalde taken lykas fjildlizzen, prizen regelje, ûntfangst skiedsrjochter ensfh. Ek it regeljen fan (foldwaande) karmasters en oanmerkers is in taak fan de wedstriidkommisje. It freegjen fan karmasters barde meastal op het lêste momint en wie sadwaande faaks in ûnsekere faktor. As wedstriidkommisje wolle wy hjir mear struktuer yn oanbringe en rom fan te foaren de saken regelje.

Ids de Boer | Fjilden en materialen | fmk@kfeasterein.nl |
Klaas Sixma | Fjilden jongerein |

De fitte vutters fjildlismannen!
Theo Jelsma, Geert Dijkstra, Roel Sijbesma, Jan de Jong, Lolke Bouma, Yde Sjaarda, Willem Twijnstra, Jelle de Boer (net op de foto)

Imke v/d Leest | Foarsitter | keatskamp@kfeasterein.nl |
Marco Rijpkema | Algemiene saken | |
Selma de Boer | Algemiene saken | (net op de foto) |
Sieta Tessemaker | Algemiene saken |

Wiepkje Hiemstra | Foarsitter | algemien@kfeasterein.nl |
Marije Schurer | Redaksjebehear | webbehear@kfeasterein.nl |
Sieta Tessemaker | Redaksjelid | |
Imke v/d Leest | Redaksjelid | |
Karin Sjaarda | Einredakteur | leden@kfeasterein.nl |
