Kompetysjekeatsen
It kompetysjekeatsen begjint dit jier op tiisdei 7 maaie en de lêste kompetysjejûn is tiisdei 27 augustus.
Wolsto mei dwaan? Stjoer foar moandeis 18.00 oere in berjochtsje op de Jongereinkeatsen-app. Mochten jim tafallich in kear te let wêze mei opjaan, jim kinne Trynke altyd efkes freegje ast noch meidwaan kinst. Soms kin it noch wol, mar as de partoeren al yndield binne slagget it spitigernôch net.
De kompetysje foar de kabouters en welpen begjint om 18.30 oere. De kompetysje foar de pupillen en skoaljeugd begjint om 19.00 oere. Graach 5 minuten fan tefoaren der wêze. Fan 23 july ôf begjinne alle kategoryen om 18.30 oere, omdat der dan gjin training mear is.
De jonges en famkes kategory binne fanôf dit jier wolkom op tongersdei te jûn by de senioaren.
Alders dy’t noch net yn de Jongereinkeatsen-app (WhatsApp) sitte, kinne harren melde by Trynke Draijer (06-17866174).
Let op, útsûnderingsrigel by de kabouters en welpen, ek op regio- en KNKB nivo:
Yn dizze kategoryen telt de earste fout by de opslach.
Dus at der opslein wurdt en de bal is bûten as foar, mar de perkspilers slaan der op en reitsje dizze net, bliuwt de bal bûten (punten perk). Wurdt it in keats as wurdt de bal boppe slein, telt dit wol (beleane).
Dizze rigel is om de beweging nei de bal ta te stimulearjen.
Rigels by it kompetysjekeatsen fan de Kabouter-kategory
Per earst wurdt der altyd fan funksje wiksele, by in 3-tal giet de opslager foaryn, de foarynse wurdt efterynse en de efterynse wurdt opslager.
2-tal:
- Foarynse
- Efterynse is de opslager fan dat earst
- Dit wikselt per earst, dus gjin foarbest en foarminst opslager
- Ruilje by 1 keats en in 6, as by 2 keatsen
- As it 2-tal 2 earsten efterelkoar opslein hat sûnder 1 kear te ruiljen fan opslach nei it perk, dan moat der ruile wurde (oars soe de partij mei allinne mar sitballen útmakke wurde kinne, sûnder dat it 2-tal yn it perk stien hat. En dat kin yn teory frij maklik by de kabouters ;).
Utsûndering mei 3-tal:
- Foarynse
- Efterynse
- Bûtenperk is opslager fan dat earst
(Ast bûten perk stietst en dyn maten meitsje gjin keats yn dat earst, komst dus ek net oan de beurt om op te slaan, mar wurdt der nei 1 earst wol wiksele fan funksje)
Kompetysje: by moai waar wurdt der meastal begûn mei in skjinne tillegraaf (noch gjin punten). At it min waar is, foaral by kjeld, begjinne de kabouters meastal mei spul gelyk.
Mei wedstriden keatse se meastal 3 omlopen, dan alle 3 partijen mei spul gelyk begjinne.
De measte bern witte wol wat se dwaan moatte, mar freegje earst en tinke dan nei wat se dwaan moatte. Dus prebearje se earst sels nei tinke te litten.
2 earsten | 4 earsten | 6 earsten | 8 earsten |
foarynse | bûtenperk | efterynse | foarynse |
efterynse | foarynse | bûtenperk | efterynse |
bûtenperk | efterynse | foarynse | bûtenperk |
By twifel, resolút beslisse, gjin einleaze diskusje, dit jout de measte dúdlikheid foar elts.