Klean

TROCH-INOAR-LOTTERS KLEAN
Mei yngong fan 2009 hat keatsferiening Easterein foar leden dy’t dielnimme oan de KNKB-t.i.l.-wedstriden in wedstriidtenu beskikber stelt. De tenu’s binne mooglik makke troch stipe fan 5 bedriuwen dy’t mei harren (bedriuws)namme op it wyte shirt en swarte broekje steane.
Fan de leden wurdt ferwachte dat hja op de t.i.l.-wedstriden fan de KNKB dit tenu drage sille en dêrmei de namme en útstrieling fan keatsferiening Easterein en de stipers útdrage sille op de wedstriden.
De klean wurde oan it begjin fan it seizoen útjûn oan de KNKB-keatsers. Hja hâlde de tenu’s it hiele seizoen en binne der ek ferantwurdlik foar.


ÔFDIELINGSTENU
Keats(t)ers dy foar KF Easterein útkomme op in ôfdielingswedstriid, keatse yn it ôfdielingstenu fan de KF Easterein. Hjirfoar binne ôfdielingstenu’s beskikber, besteande út in shirt, in broekje en in trainingspak.

Yn earste ynstânsje ha de partoeren dy meidogge oan de KNKB wedstriden de foarkar. By te min, hawwe wy noch de beskikking oer oare ôfdielingstenu’s (allinnich ôfdielingshirts).

It behear fan de ôfdielingsklean berêst by:
Akke Jikke van Berkum
Dobbelân 4
8734 GZ Easterein
0515-532609

De klean graach daliks nei de wedstriid (úterlik sneins 20.00 oere) wer ynleverje by Akke Jikke van Berkum, sadat se de klean wer op tiid skjin yn de kast ha kin.   Der is in kleanreglemint gearstalt. Alle partoerbegelieders krije dit reglemint. Hjir stiet yn beskreaun hoe de spilers omgean moatte mei de klean en it dragen derfan by priisútrikkingen. Dit reglemint leit ek ter ynsage by de PR-kommisje en it sekretariaat.