Famyljekeatsen 6-7-2025
De 2e edysje fan it famyljekeatsen. Mei wat minder partoeren op ‘e list as ferline jier, mar dat mocht de pret absoluut net drukke! Somtiden sensasjonele keatserij mei de moaiste tuskenspullen. En oan it ein ta tige spannend hoe’t de prizen ferdield waarden. It gie om de tsjinpunten yn de lêste earsten om te bepalen wa’t de krânsen pakten.
1e priis:
Tryntsje Bouma, Tjerk Okkema, Sjoerd Teake Kooistra (21 foar/6 tsjin/6 tsjinpunten yn de lêste earsten)
2e priis:
Jan Schurer, Marije Schurer, Bart Schurer (21 foar/6 tsjin/8 tsjinpunten yn de lêste earsten)
3e priis:
Froukje Dijkstra, Bauke Dijkstra, Tjeerd Dijkstra (21 foar/7 tsjin)
4e priis:
Fenna Sweering, Tim Sweering, Hendrik Sweering (19 foar, 7 tsjin)
Lokwinske allegearre!