Ferslach 2007

3e Jong-Feintepartij, it jier fan de wierheid

 

25 July 2007 hat keatsferiening Easterein de 3e edysje fan de Jong-Feintepartij organisearre. It jier fan de wierheid skreaun foarsitter Dijkstra yn syn foarwurd. Soe de Jong-Feinte nei dizze trije edysjes bewiis levere ha foar it fuortbestean? Eltsenien hat der betrouwen yn en sjoen de partij fan hjoed, wêrby út alle hoeken positive lûden kamen oer de Jong- Feinte en de organisaasje, moat it sa wêze.

 

 

Om it fjild
De tiisdei foar de 4e woansdei fan july is de feriening mei in grutte skare frijwilligers dwaande om de tariedings te dwaan foar de partij. De keatsarena en alle omballingen wienen samar klear. We krije der al erfaring yn. Dit kear as ekstra in grutte wein wêr de muzyk op spylje sil. In komplimint oan it bestjoer en de frijwilligers fan de stifting ‘De Skoalleseize’. Yn it foarste plak foar it prachtige fjild dat der moai by lei en tiisdei nochris ekstra koart meant wie. Ek wie de stifting goed taret op ús gasten en keatsers mei de kantinefoarsjenning. De foarrie wie net alhiel tarikkend, mar dat hie ek te krijen mei de tydlike akkomodaasje en foarsjennings om saken te bewarjen. Takom jier kinne we te plak yn it nije ferieningsgebou en dan binne hja better taret.

 

De frijwilligers ha ek in knappe prestaasje delsetten. It 1e jier yn de rein, ferline jier foelen we hast om fan de waarmte, mar no hienen we geweldich waar. De twa fjilden mei trije perken hienen in folsleine besetting op linen, tillegrafen, mei blokjerinners en de catering dy in foartreflike fersoarging hie. De skiedsrjochters, Jan Bruinsma en Astrid Kooistra, hienen it tige nei it sin hân en mei in stevige hândruk en moaie wurden waard de feriening tank sein foar de organisaasje en de moaie dei. Masseur Goosen wie wat oan de lette kant, mar dat hie te krijen mei in misferstân. Hy hie it tige nei it sin hân en neist syn eigen fersoarging (15 keatsers wienen west) wie hy nei eigen sizzen goed fersoarge. Hy moast op ‘e tiid fuort en noch ite. Mei in hamburger mei bakte sipels yn ‘e maach en in kofjepakket en jubileumboek ûnder de earm koe hy wer op paad.

 

 

De gasten
De hiele dei troch wienen der aardich wat minsken op de fjilden. Ferskate bekenden út de keatswrâld, tefolle om te neamen. Sjoen der ferkeap fan lotten en programma’s ha we sa’n 200 beteljende besikers hân. Krekt wat minder as foarich jier, mar dôchs wol sa’n 300 minsken dy op it fjild west ha. Eltsenien hie it goed nei it sin en guon koenen hjoed al wer tasizze dat hja takom jier ek wer fan de partij binne. Dat ha we in hiel soad heart, dat it fuortbestean fan de Jong- Feinte wurdt yn elts gefal troch ús besikers droegen. Guon ha al sein dat hja gjin Jong-Feintepartij mear misse wolle. Om it keatsen, om de organisaasje en de gesellichheid der omhinne.

 

Mei de muzyk fan ‘The Wanderers’ koenen frijwilligers, keatsers en gasten noch efkes neisitte en neipetearre oer de slagge Jong-Feintedei. De partytenten waarden by de berging delsetten en sa ûntstie in moai smûk hoekje foar de ‘efterneifeestgongers’. Yntusken waard troch frijwilligers it fjild opromme en de boarding fan de KNKB kaam wer op de karre fan Binnema.

 

 

Yn it fjild
De kar om in spesjale ôfdielingswedstriid foar junioaren rjochting it ein fan it seizoen te hâlden moat de junioaren en jonges útnoegje om keatsen te bliuwen. Wy hoopje mei de KNKB dat dit slagget. Yn elts gefal koenen in soad minsken sjen dat dizze partij útnoeget om mei te dwaan. Is it al troch de moaie sfearfolle keatsarena, de prizen binne ek oantreklik. Sulveren keatsballen en knappe jildprizen en de prachtige wikselpriis de ‘Sulveren Leest’.

 

Ek de parse wie goed fertsjintwurdige en hie foarôfgeand oan de partij ek al nijs oer de Jong-Feinte fertelt. Bysûnder wie dat de Jong-Feintepartij dit jier 4 nije priiswinners hie. Favoryt Wytmarsum, sûnder Herman Sprik (ferfongen troch Klaas de Vries, 2e omloop), ferlear de 2e omloop fan St. Japik. Wommels en Boalsert mei Cees Malda wienen de oare eardere priiswinners, mar hja ferlearen de 3e omloop. Ek bysûnder, mar dan spitich foar him, wie it ûntbrekken fan Herman Sprik by Wytmarsum. Troch in operaasje oan de bline term wie hy twa wike útskeakele en dêrom moast hy de Jong-Feinte misse. Mar folle slimmer is dat hy ek de PC misse moat.

 

As earsten wienen de keatsers fan Hijum-Feinsum op it fjild. Mei begelieder en âlders stienen de jonge feinten al om 8.00 oere op it fjild! Noch foar de organisaasje! Hja ha de famylje Hiemstra skille en binne dêr earst mar efkes op de kofje west. Hja gienen sawat as lêsten fan it fjild mei in fertsjinne 3e priis. As lêsten kaam Wjelsryp har om 10.50 oere melden foar de tafel. Fersliept seinen hja. It ‘optreden’ duorre net lang, want hja gienen der mei 5-0 ôf.

 

 

De wedstriid

Mei 26 partoeren op de list hienen we 2 mear as ferline jier en itselde oantal as yn 2005. Fan de list fan ferline jier wienen 8 partoeren der net (Jirnsum, Anjum, Stiens, Wommels 2, Easterein 2, Winsum, Ie en Frjentsjer). Foaral it ûntbrekken fan in 2e partoer fan Easterein wie in soad minsken opfallen. Wol 10 nije partoeren, te witten Itens 2, Akkrum, Wjelsryp, Easterlittens, Goaiïngea, Hijum-Feinsum, Damwâld, Skettens, Holwert en Wynaam.

 

Der waard fûleindich keatst troch de jong feinten. Sa hie in bestjoerslid yn it foarby gean op it fjild fan in partoer it folgende heart. “Kom op man, we keatse hjir net foar in pear stoeren. It giet wol ergens om!”.

 

 

 

1e omloop

In oantal spannende en ferrassende partijen. It twatal fan Easterlittens wint fan Goaiïngea mei 5-2:6-4. Easterein (Jelte Pieter Dijkstra, Pytrik Hiemstra, Bauke Dijkstra) ferlearen fan Hijum-Feinsum op 5-5:6-6 nei in boppeslach fan Martijn Olijnsma.Easterein rûn wat efter de feiten oan, mar koe dôchs by komme op 4-5:6-6. Dan slacht Jelte Pieter de bal wol in meter bûten mar Martijn hellet in frjemde aksje út troch de bal fan de rjochterkant fan it perk oer de lofter kwealine te slaan. Op 5-5:4-6 slacht Jelte Pieter in moaie sitbal. De folgende opslach is efkes te moai foar Martijn en mei syn safolste boppeslach is de partij út. Wytmarsum keatst mei Jacob Zaagemans en Gert Jan Meekma tsjin Damwâld. Hja komme 1-5 efter, mar knokke werom. Op 5-5:6-6 slacht Gert Jan in sitbal krekt foar de kwea fan it perk. De lêste partij Tsjummearum-Boalsert wie in lyk opgeande partij wûn troch Boalsert, 4-5:6-6.

 

1 Itens II – 2 Akkrum 3–5:2–6

3 Makkum II – 4 Wjelsryp 5–0:6–4

5 Easterlittens – 6 Goaiingea 5–2:6–4

7 Easterein – 8 Hijum-Feinsum 5–5:6–6

9 Wommels – 10 Dronryp 5–1:6–4

11 Hartwert – 12 Makkum I 5–2:6–0

13 Wytmarsum 1 – 14 Damwald 5–5:6–6

15 St. Japik – 16 Goutum 5–1:6–6

17 Wytmarsum II – 18 Skettens 3–5:2–6

19 Itens I – 20 Berltsum 2–5:2–6

21 Holwert – 22 Wynaam 5–1:6–0

23 Reahus-Turns – 24 Rie 0–5:4–6

25 Tsjummearum – 26 Boalsert 4–5:6–6

 

 

2e omloop

De twadde list soarge derfoar dat we let út wienen hjoed. Fjouwer fan de seis partijen wienen spannend en duorren oardeloere as langer. Makkum wint fan Akkrum, 1-5:0-6 en Hijum-Feinsum ek maklik fan Easterlittens, 2-5:4-6. Wommels (Eeltje Postma, Redmer Strikwerda, Erik Haitsma) en Hartwert (Tjerck Floris Karsten, Sjoerd Taeke Kooistra, Gerrit Jan Duiven) meitsje der in moaie striid fan, mar moatte belies jaan op 5-4:6-4. Twa wichtige boppeslaggen fan Erik, nei de stuit, soargje foar winst op 3-4:6-6 en by de lêste slach.

 

Wytmarsum moat it opnimme tsjin St. Japik (Albert Leeuwen, Martijn Hiemstra, Renze Pieter Hiemstra). Op 3-5:6-6 slacht Renze Pieter de opslach fan Gert Jan kwea. By 4-5 en wer 6-6 slacht Gert Jan in moaie tuskenynse bal, mar dy wurdt mei stuit troch Renze Pieter geweldich boppe slein. Dermei is de Jong-Feinte en de kâns foar Jacob en Gert Jan om dizze partij foar de tredde kear te winnen foarby.

 

Skettens-Berltsum is ek in moaie partij. Skettens (Johan, Allard en Hillebrand Visser) is úteinlik de baas oer Berltsum (Johan van Tuinen, Hilbrand Stoffers, Frederik vd Meij) mei 5-4:6-4. Holwert-Rie is de lêste partij fan de twadde list. Holwert (Gert Anne vd Bos, Rudolf Soepboer, Hedzer Wiersma) hat it dreech tsjin it twatal fan Rie (Roelof Hiemstra, Hylke Bruinsma), mar winne mei 5-4:6-2.

 

1 Akkrum – 3 Makkum II 1–5:0–6

5 Easterlittens – 8 Hijum-Feinsum 2–5:4–6

9 Wommels – 11 Hartwert 5–4:6–4

13 Wytmarsum 1 – 15 St. Japik 4–5:6–6

18 Skettens – 20 Berltsum 5–4:6–4

21 Holwert – 24 Rie 5–4:6–2

26 Boalsert

 

 

3e omloop

De striid om de prizen! Boalsert-Makkum is de moaiste partij. Net allinnich de want en it baltsje dogge it wurk, mar ek mei praten wurdt der in striid ‘útfochten’. Boalsert (Arjan Breeuwsma, Cees Malda, Thomas van Zuiden) rêde it net tsjin Makkum. Oan beide kanten wurde hast gjin fouten makke. Makkum wint mei 4-5:4-6. Wommels slacht har sels fan de list, sa waard der sein. Troch in soad bûtenslaggen komme hja 4-1 efter. Hijum-Feinsum keatst degelik en wint de partij mei 5-2:6-6. Skettens dat op de twadde list knap wûn hie fan Berltsum wie no gjin partij foar St. Japik, 5-1:6-6 en de teloarstelling wie grut by de Vissers.

 

26 Boalsert – 3 Makkum II 4–5:4–6

8 Hijum-Feinsum – 9 Wommels 5–2:6–6

15 St. Japik – 18 Skettens 5–1:6–6

21 Holwert

 

 

Heale finale

De priiswinners binne bekend. 4 nije ôfdielingen gienen hjoed mei in Jong-Feintepriis nei hûs. Holwert mei it besykje tsjin Makkum. Hja komme 2-5 efter, mar op 6-4 krije hja noch de 3-5. Op 4-6 wurdt der in keats lein troch Makkum. Lennart slacht de bal op en Rudolf kin de grutte keats net foarby. En dermei is Makkum yn de finale kommen en Holwert in 3e priis.

 

Hijum- Feinsum keatst tsjin St. Japik. Oante mei 3-3 giet it lyk op, mar dan pakt St. Japik twa ‘skjinne’ earsten. Hijum-Feinsum docht it mei 6-2 en komt op 4-5. Op 6-4 slacht Martijn de bal bûten en steane hja op de dea. Dan in prachtige sitbal en it is 5-5. Mei twa boppeslaggen fan St. Japik en in keats foarby wurdt it 0-6. As Renze Pieter opslacht makket Hijum-Feinsum in keats, mar de opslach fan Martijn giet bûten. Hijum-Feinsum in 3e priis en St. Japik yn de finale tsjin Makkum.

 

21 Holwert – 3 Makkum II 3–5:4–6

8 Hijum-Feinsum – 15 St. Japik 5–5:0–6

 

 

Finale

It is healwei seis oere at de finale los giet. De band koe al efkes spylje en sa te hearen is it de muoite seker wurdich om nei de partij te bliuwen. Yn it ljocht fan de hiele dei soe de finale ek wolris spannend wurde kinne. It fjild is rûnom moai beset en we geane los. Makkum begjint ûnseker en jout 0-1 wei. Hendrik Jan begjint fuort as balkearder, Lennart foar bêst op en Hyltje foar minst. Hja lûke de stân yn lykwicht nei in kweaslach fan St. Japik. Op 6-6 slacht Makkum de keats net foarby, 1-2. It folgende earst is foar Makkum troch de keats no wol te pakken. Makkum rint út mei twa earsten. De 4-2 komt op de tillegraaf at in prima opslach fan Renze Pieter fleanend boppe slein wurdt troch Hyltje.

 

De enerzjy wêr St. Jabik alle omlopen mei keatst hie wie der in bytsje út. Albert en Martijn wurde stil, mar Renze Pieter prebearret de mannen der by te hâlden. It wurdt 4-3 as Makkum de keats net foarby slacht en dat jout moed. Spitich foar St. Japik as it earst dernei skjin nei Makkum giet. Albert, mei in blessuer, slacht de bal bûten, in boppeslach fan Hyltje en at Martijn de opslach oernimt slacht hy ek noch bûten. It wurdt noch wol 6-4 mar dan slacht Renze Pieter bûten en alle kopkes sakje wat.

 

Dan in boppeslach fan Lennart, bûtenslach fan Renze Pieter en 2 keatsen. De earste keats net foarby, 5-3:6-0 en dan slacht Lennart en bal heech efter yn. Renze Pieter krijt de bal út mar net foarby de keats. Makkum wint de tredde edysje fan de Jong-Feinte en St. Japik wint de 2e priis.

 

3 Makkum II – 15 St. Japik 5–3:6–0

 

 

Priisútrikking

Om’t de partij let út is begjint foarsitter Dijkstra daliks mei de priisútrikking. Moaie wurden wurde rjochten oan keatsers, frijwilligers, stipers, besikers en ‘De Skoalleseize’. Keatsferiening Easterein stribbet der nei om it de keatsers en besikers, mar ek frijwilligers nei de sin te meitsjen en in moaie keatsdei te besoargjen. We binne der grutsk op dat dit hjoed ek wer slagge is. Skiedsrjochters Jan Bruinsma en Astrid Kooistra wurde tige betanke foar de lieding fan hjoed. Letter hearden we dat Jan Bruinsma dit jier foar it lêst skiedsrjochter is.

20070725 JF HenkBootsma 08 

Mei help fan Jan Hiemstra, stiper fan de ‘Sulveren Leest’ en de earste prizen, waarden de prizen útrikke. Holwert en Hijum-Feinsum komme as earsten op de wein en krije de sulveren keatsballen omhongen. Dan de mannen fan St. Jabik. Hja ha hjoed goed keatst en koenen it krekt net rêde yn de finale. In moaie en fertsjinne 2e priis.

 

Makkum mei foar de bank komme en krije earst troch de tútekommisje de prachtige krânsen omhongen. As de sulveren keatsballen omhingje en de slúven oerhannige binne, nimt de Makkumer coach Peter Rinia de ‘Sulveren Leest’ yn ûntfangst. De wikselpriis is foarsjoen fan in moaie glêzen stolp, dat de útstrieling fan de priis noch grutter makket. Under grut applaus fan it publyk dat noch folop oanwêzich is wurde de keatshelden fan dizze Jong-Feintepartij huldige.

 

 20100728 JF HB 1

1e priis: Makkum (Hendrik Jan vd Velde, Lennart Adema, Hyltje Bosma)

Wikselpriis de ‘Sulveren Leest’

20070725 JF HenkBootsma 11 

2e priis: St. Jabik (Albert Leeuwen, Martijn Hiemstra, Renze Pieter Hiemstra)

20070725 JF HenkBootsma 10 

3e priis: Hijum-Feinsum (Martijn Olijnsma, Helmer Hofman, Gerrit Steegstra)

20070725 JF HenkBootsma 09 

3e priis: Holwert (Gert-Anne vd Bos, Rudolf Soepboer, Hedzer Wiersma)