Skip to content

De 9de Jong-Feinte mei 14 PC-keatsers!

 

Nei de winst op de bûnspartij foar de junioaren yn Minnertsgea pakte St Anne ek de winst op de Jong-Feintepartij. Mei Krijn en Rein Hiemstra wûn hy yn de finale (5-5:6-4) fan it oare prachtige partoer fan Seisbierrum-Pietersbierum mei Johannes vd Veen, Kees vd Schoot en Jelte Visser. St Anne stie foar de 3 kear yn de finale. Yn 2010 (2-5:0-6) en 2012 (4-5:4-6) waard beide kearen ferlern fan Tsjummearum.

 

 20130723 JF Tarieding

Der wurdt oeral sprutsen oer “de keatser sintraal” sette. Mar wa yn Minnertsgea west hat en yn Easterein is der tsjûge fan west dat it de keatsers sels binne dy har sintraal sette. Wat in kwaliteit, fûlens, krêft, sportiviteit en goed keatsen litte dizze jonge feinten sjen. In prachtige klasse en de oandacht dy de kategory kriget docht fertuten! 14 junioaren keatse op de 160ste PC yn Frjentsjer. It talint wie der, is der en komt der oan! We ha fan jimme genoaten!

 

 

Untank de waarmte en droechte fan de lêste moanne hienen fjildbehearders/frijwilligers fan de Skoalleseize soarge foar in geweldige keatsarena, in biljertlekken seinen guon. De frijwilligers fan de keatsferiening en Skoalleseize ha wer sjen litten hoe gastfrij we yn Easterein wêze kinne en de dei rûn mei de goede organisaasje prima.

 

 

In primeur wie dat wy op dizze 9de edysje foar it earst Omrop Fryslân te gast hienen yn de persoan fan Geert van Tuinen. Hartstikke moai dat jimme der wienen. No it paad fûn is hoopje we jimme elk jier wer te sjen en seker takom jier by it 10-jierrich bestean fan de Jong-Feinte en it 110-jierrich bestean fan K.F. Easterein.

 

 

Der stienen 25 partoeren op de list (20 ferienings). Seisbierrum-Pietersbierum, Wommels, Frjentsjer en Dronryp kamen mei twa partoeren. Trije debutanten op de list. Jorwert, Gaast-Ferwâlde en Jelsum-Koarnjum-Britsum. Easterein, Tsjummearum, Dronryp en Wommels ha oan alle edysjes meidien en der binne no 58 ferskillende ferienings west.

20130724 JF HB KrijsHiemstra 

 

Heale finale

 

St Jakob komt mei in steand nûmer as earste yn de heale finale tsjin Seisbierrum-Pietersbierum. Johannes. Kees en Jelte keatse goed en degelik en der kinne Bauke, Enno en Rick te min tsjinoer sette. It wurdt 2-5:4-6 foar Seisbierrum-Pietersbierum en se treffe St. Anne dy’t wûn fan it ferrassende partoer fan Easterlittens mei Erwin en Simon Zijlstra en de trouwe balkearder Ruben. Tsjin St Anne koenen se it net risse, 5-2:6-6. Mar se hienen Frjentsjer yn de 3e omloop al pakt (3-5:0-6).

St Anne hie yn de twadde omloop like goed fan de list kinnen yn de kreaker tsjin Boalsert. Se komme mei 5-4:6-2 foar mar kinne it net út meitsje. Dan komt Boalsert mei 5-5:6-2 foar en hja kinne it ek net útmeitsje. Op 6-6 slacht Peter eilaas foar en it is Boalsert (Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Thomas van Zuiden) noch net gunt om in priis te heljen op de Jong-Feinte.

 

20130724 JF HB SjoerddeJong 

Finale

 

Nei it prachtich Frysk folksliet songen troch Antsje Stenekes kinne we los mei de finale.
Op 6-6 slacht Sjoerd de bal in ein oer de boppe en is it 0-1. 0-2 as Seisbierrum kwea útslacht op 6-6. Sjoerd pakt de 0-3 as wer op 6-6 hy sels yn it perk werom slaan kin. Dan kin Seisbierrum wat werom dwaan en mei in skjin earst wurdt it 1-3. Op 1-3:6-6 behâldt St Anne de keats, 1-4. By 0-4 hâldt St Anne beide keatsen en is it 1-5. Seisbierrum komt op in spul as op 6-4 Sjoerd bûten slacht. Rein hâldt de keatsen lyts mar sawol Kees as Johannes slaan poerbêst op en se pakke beide keatsen. By 4-2 wer twa keatsen en beide opslaggen fan St Anne bûten. Seisbierrum libbet wer op en op 3-5:6-2 wer in perkmisser, 3-5! Mei trije boppeslaggen fan it perk Jelte/Kees is it 6-0 en Johannes hâldt sels de keats, 4-5! Op 4-5:6-2 komt de spanning hielendal werom as Sjoerd wer bûten slacht, 5-5. It lêste earst wurdt it earst fan Krijn.

 

 

In lytse keats. Krijn heech op en Kees pakt de 2-0, boppe! Dan pakt Krijn de 2-2 mei in platte en de 2-4 mei in tuskenynse bal. Twa keatsen en 5-5:2-4. Kees mei in prachtige platte bal op Krijn/Sjoerd, 4-4. Johannes bêst op, mar Krijn passearret de boppe mei strakke útslach, 5-5:4-6. En dan slacht Johannes de bal eilaas bûten en wint St Anne yn har 3de finale dit kear de haadpriis.

 

20130724 JF HB Groep 

De Jong-Fammen fan Frjentsjer, Iris vd Veen, Nicole Hempenius en Manon Scheepstra hingje de krânsen om by de jong-feinten fan St Anne. It wie in prachtige Jong-Feintedei mei in moaie finale, prachtige keatsers, in moaie winner. In soad publike belangstelling en geweldich troffen mei it waar! We sjogge jimme graach wer yn 2014, op de fjirde woansdei fan july, by ús lustrumedysje fan de Jong-Feinte.

20130724 JF HB Lieding 

 

Utslach

20130724 JF HB StAnne

1. St Anne (Rein Hiemstra, Krijn Hiemstra, Sjoerd de Jong)

20130724 JF HB Seisbierrum

2. Seisbierrum-Pietersbierum (Johannes van der Veen, Kees van der Schoot, Jelte Visser)

20130724 JF HB Easterlittens

3. Easterlittens (Ruben Bonhof, Erwin Zijlstra, Simon Zijlstra)

20130724 JF HB StJakob

3. St Jabik (Bauke Triemstra, Enno Kingma, Rick Poortstra)

 

 

1e omloop

Seisbierrum-Pietersbierum 1-Wjelsryp, 5-0:6-6

Wommels 1-Boalsert, 0-5:0-6

Easterein-St Anne, 1-5:0-6

Frjentsjer 2-Gaast-Ferwâlde, 5-2:6-0

Berltsum-Bitgum, 5-5:2-6

Wytmarsum-Frjentsjer 1, 1-5:2-6

Jorwert-Dronryp 2, 0-5:4-6

Donryp 1-Easterlittens, 5-5:6-8

Arum-Tsjummearum, 5-3:6-4

Achlum-St Jakob, 1-5:2-6

Wommels 2-Jelsum-Koarnjum-Britsum, 0-5:6-6

Menaem-Lollum-Waaksens, 5-1:6-4

Seisbierrum-Pietersbierum 2.

 

2e omloop

Seisbierrum-Pietersbierum 2-Seisbierrum-Pietersbierum 1, 1-5:0-6

Boalsert-St Anne, 5-5:6-8

Frjentsjer 2-Bitgum, 5-5:6-4

Frjentsjer 1-Dronryp 2, 5-0:6-2

Easterlittens-Arum, 5-3:6-0

St Jakob-Jelsum-Koarnjum-Britsum, 5-3:6-4

23) Menaem

 

3e omloop

Menaem-Seisbierrum-Pietersbierum 1, 1-5:0-6

St Anne-Frjentsjer 2, 5-2:6-6

Frjentsjer 1-Easterlittens, 3-5:0-6

St Jakob

 

Heale finale

St Jakob-Seisbierrum-Pietersbierum 1, 2-5:4-6

St Anne-Easterlittens, 5-2:6-6

 

Finale

Seisbierrum-Pietersbierum 1-St Anne, 5-5:4-6

Back To Top