Skip to content

Fanôf 19 maart geane we wer los mei de sealtrainingen yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein.

Kategory
Kabouters Bertejier: 2017/2018/2019/2020
Welpen Bertejier: 2015 en 2016
Pupillen Bertejier: 2013 en 2014
Skoaljeugd Bertejier: 2011 en 2012
Jonges/Famkes Bertejier: 2008/2009/2010

De trainingsdata binne:
  • Tongersdei 19 maart
  • Tongersdei 26 maart
  • Tongersdei 2 april
  • Tongersdei 9 april
  • Tongersdei 16 april
  • Tongersdei 23 april
Foar de kategoryen kabouters, welpen, pupillen en skoaljeugd jildt:
Kinst net oanwêzich wêze op de training? Stjoer dan fan te foaren efkes in berjochtsje nei de trainer. De tillefoannummers fan de trainer wurde dielt sadra de trainers bekend binne. 

Jou dy hjirûnder op!

Trainingen jeugd 2026

Namme(Vereist)
Geboartedatum(Vereist)
Adres(Vereist)
Keatsseizoen 2026: Kabouters Bertejier: 2017, 2018, 2019, 2020 l Welpen Bertejier: 2015 en 2016 l Pupillen Bertejier: 2013 en 2014 l Skoaljeugd Bertejier: 2011 en 2012 l Jonges/Famkes Bertejier: 2008, 2009, 2010
Foar it folgjen fan de trainingen is it wichtich om lid te wêzen fan de Keatsferiening. Ast lid bist, kinst ek meidwaan oan kompetysjekeatsen, wedstriden, keatskamp, ensfh. Fia de knop boppe oan dizze side kinst dy oanmelde as lid.

Simmertrainingen:
Fanôf begjin maaie begjinne de fjildtrainingen. De kabouters, welpen en jonges/famkes bliuwe dit jier yn Easterein. De pupillen en skoaljeugd kinne dit jier meitraine en kompetysjewedstriden keatse yn Wommels. Sadra der mear bekend is oer de tiden, kinne jimme dat hjir lêze.

Back To Top