Moarn is de 123e edysje fan de Freule!
Op woansdei 6 augustus is it safier: de 123e edysje fan de Freulepartij yn Wommels. In fanâlds wichtige dei foar keatsers oant 18 jier. Ek Easterein is dit jier fertsjintwurdige mei in partoer:
🔥 Pieter Age van der Weide
🔥 Sander Velzen
🔥 Bauke Jan Dijkstra
Yn de earste omloop meie se tsjin it sterke partoer fan Winsum, ien fan de favoriten. In flinke útdaging – mar op’e dei fan de Freule is alles mooglik! Wy winskje dizze jonges in protte súkses en wille ta!
📸 Foto troch Lieuwe Bosch