02-07-2014 – Boerogrouppartij

Nei alle feestdroktes koene de bern sa krekt foar de fakânsje hjoed nog in baltsje slaan op de keatsfjilden. Dit kear lokkich gjin wetter dat mei bakken fan boppe kaam, dus we koene fuort om 13.30 los mei alle kategoryen. Ek de skoaljeugd koene om dizze tiid los, omdat se hjoed al gjin ferplichtingen mear hiene op skoalle.

 

Kabouters

By de kabouters wie der in poule fan 4 partoer, sadat elk partoer 3 keatse koe. Dernei koene we de punten by elkoar optelle en sa de prizen feredele. De útslach wie as folcht:

20140702 Boerogroup 1-Kabouters 

1e priis Jesper Paauw, Zamile Jallon, Geertje van der Weide

2e priis Liset Sijbesma, Jorn Hiemstra, Jorrit Stap

 

Welpen

By de welpen waard der keatst yn in A en in B klasse.

20140702 Boerogroup 2-WelpenA
Yn de A klasse ek in poule fan 4 partoer en der wie it partoer fan Redmer Wiersma en Redmer Stegenga dat 3x as earste út wie en dus de krans mei nei hús nimme mocht. Twadde priis wie der foar Rutger Sijbesma en Arjen Stremler.

20140702 Boerogroup 2-WelpenB

Yn de B klasse wiene der 2 poules fan 3 partoer en gong de finale tusken it partoer fan Niels Hiemstra, Benthe Ottens, Tess Hoepman en it partoer fan Welmoed Stegenga en Bernou van der Velde. Dit waard wûn troch de 2 dames, dus wie de krans foar Bernou en Welmoed.

 

Om de tredde priis keatsten it partoer fan Janneke Overal en Senay Sixma tsjin Daniël van der Weerdt en Jildert Hiemstra. Hjir hiene de dames Janneke en Senay as earste de tillegraaf fol en dus de tredde priis.

 

Pupillen

By de pupillen ek poulekeatsen mei 4 partoeren.

20140702 Boerogroup 3-Pupillen 

De iene partij wat spannender as de oare partij, mar nei 3 omlopen wiene it Nynke Paauw en Amber Reijnhoudt die de earste priis útrikt krigen. Twadde priis foar Bauke Reijnhoudt, Marc Janssen en Tessa Ottens.

 

Skoalbern

Dan de skoaljeugd, der moesten we de gang der wat ynhâlde yfm de musical fan groep 7 en 8 die jûn nog opfiert wurde moast, mar troch lange partijen wiene se toch nog hast as lesten út.

20140702 Boerogroup 4-Skoalbern 

De eerste priis wie der nei 3 omlopen foar Hendrik van der Eems, Roelie Kroondijk en Rimmer Kamstra en de twadde priis foar Jeska Terpstra en Jeljer Overal.

 

Al mei al wer in moaie keatsmiddei op de Eastereiner fjilden mei prachtig keatswaar. Frijwilligers jim wurde wer bedankt foar jim help en ús sponsors foar hjoed de Boerogroep en Veneziani Yachting ek tige tank!

 

De jeugdkommisje hat no in lyts bytsje fakânsje, de folgende ledenpartij is der wer op sneon 16 augustus. Mar jim hoe it keatsen net te missen, der bliuwt alle wiken fansels it kompetysjekeatsen op tiisdei. Noflike fakânsje tawinske eltsenien!

 

De jeugdkommisje