12e Jong-Feinte

Woansdei 27 july 2016 giet de 12e Jong-Feinte los!2016 Jong Feinte Flyer

Oanfang: 10:00 oere

Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein


Lotting

Moandei 25 july 2016 wie de lotting. Yn oanwezigens fan it folsleine bestjoer, stiper en earelid Jan Hiemstra,  stiper Jouke Huitema fan Nylân en in oantal oare belangstellenden waard de lotting iepen troch foarsitter Dirk-Yde Sjaarda. Om bar mochten de oanwêzigen in lotsje lûke en foar Easterein waard dat dien troch Marco Rijpkema dy’t woansdei meidocht.

Henk Bootsma wie ek oanwêzich en hat dizze moaie plaatsjes makke! Tige tank!

 

DE JONG-FEINTE LIST

 

20160725 JFPLotting1

20160725 JFPLotting2

20160725 JFPLotting3

 


Op dizze 12 edysje dogge 26 partoeren en 22 ferienings mei!

We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle jonges en junioaren! Want úteinlik giet om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! Op de list steane 6 keatsers dy wis binne fan de PC 2016 yn Frjentsjer. En 3 dielnimmers oan de Jong-Feinte striide tongersdei 28 july foar it 16de PC-plakje.

 

Statistiken

Jier 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2011 2012 2013 2014 2015 2016
Partoeren 26 24 26 26 26 24 27 27 25 28 28 26
Ferienings 23 20 23 23 24 20 20 26 21 24 24 22

 

Op de  12e edysje fjouwer debutanten (ferienings): Doanjum, Lekkum, Berltsum 2, Minnertsgea 2

Alle 12 edysjes meidien: Dronryp, Easterein, Tsjummearum en Wommels

63 ferskillende ferienings ha meidien

Wol op NK Junioaren, mar net op Jong-Feinte: Hijum-Feinsum, Weidum, Lollum-Waaksens, Menaem

Wol op Jong-Feinte, net op NK Junioaren: Berltsum 2, Minnertsgea 2, Frjentsjer 2, Achlum, Seisbierrum 2, Lekkum.

Sjoch foar alle ynformaasje by Jong-Feinte, ynformaasje

 

Lieding

De lieding fan de Jong-Feinte op it fjild is yn hânnen fan W. Postma fan Bitgum en E van Wier fan Peins.

 

Bysûnderheden

Radio Eenhoorn is presint! Fanôf 13:00 oere folget in live-útstjoering fan de 12e Jong-Feinte.

Sjoch op http://www.radioeenhoorn.nl of folgje @Radioeenhoorn op Twitter of https://www.facebook.com/radioeenhoorn

 

Lykas ferline jier ha we dit jier ek wer in ‘razende reporter’. Dit jier sil Pieter van Althuis dit fersoargje. Bysûnderheden, ynterviews en oare saken sil hy presintearre! Hâld em yn de gaten op it fjild!

De Jong-Feinte is ek live te folgjen op dizze website (www.kfeasterein.nl), twitter (@KFEasterein) en Facebookside KF Easterein

En fansels alle oare parse en fotografen fan herte wolkom!

 

 We winskje alle dielnimmers in soad sukses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta op de 3e woansdei fan july!