13-06-2015 – Posthumapartij

Sneon 13 juny hiene we de Posthuma partij. Eilaas wie de opjefte net sa grut foar hjoed, bij de manlju wiene der 4 partoer en bij de froulju ek 4, dus der is foar keazen om te poule keatsen. Om goed 12 oere binne we los gien.

Alle partoeren ha hjoed 3 kear keatst. Nei de 2e list koe der bij de manlju noch fan alles gebeure. Partoer 1: Christiaan Hoekstra, Abe Jan Stegenga en Hendrik Okkema hiene 14 punten. Partoer 2: Stefan v. Krompen en Hotze Jellema hiene 10 punten. Partoer 2: Peter Stuiver en Sjouke Schilstra hiene 7 punten. Partoer 4: Hans Kooistra, Tom Couperus en Bas v/d Weij hiene 8 punten. Uteinlik binne Christiaan, Abe Ja en Hendrik der mei de krâns fan troch gien.

Utslach manlju:

1 Christian Hoekstra, Abe Jan Stegenga, Hendrik Okkema 21 punten

2 Stefan van Krimpen, Hotze Jellema 17 punten

3 Hans Kooistra, Tom Couperus, Bas v/d Weij 10 punten

4 Peter Stuiver, Sjouke Schilstra 7 punten

Bij de froulju stiene yn ‘e 3de omloop de 2 partoeren die beide 14 punten hiene tsjin elkoar. Dit wiene Gerry Edou Mollema en Dieuwke Kooistra tsjin Gabriela Bouma, Wiepkje Hiemstra en Yvonne Terpstra. We hiene dus in ‘echte’ finale. It partoer fan Gerry Edou en Dieuwke bleek hjir doch wat sterker te wezen en se wûnen dan ek mei 5-3 6-4

Utslach froulju:

1 Gerry Edou Mollema, Dieuwke Kooistra 21 punten

2 Gabriela Bouma, Wiepkje Hiemstra, Yvonne Terpstra 17 punten

3 Janieke Dijkstra, Petra Jellema 12 punten

4 Sieta Tessemaken, Karin Sjaarda, Riemy Kamstra 4 punten

20150613Posthumapartij

We ha hjoed in moaie keatsdei hân (it waar hie better kinnen….), mei tank oan ús stiper: Posthuma Skildersbedriuw vof