13-12-2015 – Sealkeatsen

Mei in moaie folle list mei 18 dielnimmers koene we goed ien oere los yn de sporthal fan Easterein.

It sealkeatsen is in moaie ôfslúting fan it keatsseizoen 2015 alhoewol der noch hieltiten op tongersdei gebrûk makke wurdt fan it MFT om it spultsje Larguess te spyljen. It giet der altiten om wei yn de seal mei in sêfte bal en de sealkeatsrigels sadat elk yn it perk komt en in hiel earst opslaat.

Guon ha de lange broek oan om glydsje te kinnen en oaren ha de knibbellapen fan it follybal om om de klappen op te fangen. Eltsenien is der fan oertsjûge dat je altiten kâns meitsje om in bal werom te slaan of op tiid te kearen mei als gefolch dat der brânplakken op e knibbels kamen en der halsbrekkende toeren úthelle waarden.

Leuk foar it publiek die op de tribune en efter it raam sieten. De alderjongste oankommende leden Wout en Danian ha ek om it hoekje sjoen mei de memmen. Nei trije drege, soms lange omlopen koe de balans opmakke wurde.

Bij de A’s waard troch net ien trije kear wûn. Bij de B-keatsers troch twa misnken en by de C’s troch ien. Jim kinne dus wol begripe dat der spannende partijen by sieten. Nie in geselliche neisit gean we no op nei it nije keatsjier 2016!

De útslach:

Earste prizen: A: Danny Roos, B: Tymen Dijkstra, C: Tom Couperus

Twadde prizen foar: A. Harm Auke Dijkstra. B: Abe Jan Stegenga, C: Lisa de Jong

 

De foto is net fan deselde kwaliteit as it keatsen… 

20151213 Sealkeatsen

Foar: Lisa de Jong, Harm Auke Dijkstra, Abe Jan Stegenga

Efter: Tom Couperus, Danny Roos, Tymen Dijkstra