20-07-2013 – De Jongpartij

20130720 DeJongpartij1

Op in zonovergoten keatsfjild wie hjoed de ‘De Jong’ partij. Troch de fakânsjetiid wie de opkomst net al te grut (4 partoer by de froulju en 6 partoer by de manlju), mar dat mocht de pret beslist net drukke. Der waard fanatyk en sportyf keatst!

 

 

De froulju keatsten yn ien poule, sa koene se allegearre 3 x keatse. Nei de 1e 2 omlopen stiene de partoeren ticht bymekoar, dus alles moast noch beslist wurde yn de 3e omloop.

 

Op it ein fan it beslút wiene it Sanne Rixt Jorritsma en Karin Sjaarda dy’t de measte westriden wûn hiene en de measte earsten en sadwaande mei de krânsen nei hûs giene. Al hiene se it wol dreech tsjin harren lêste tsjinstanders, Vera de Vries en Romine Jelsma, sjoen de stân 5-5/6-6. De 2e priis waard dan ek wûn troch Vera en Romine mei 1 punt minder dan Sanne Rixt en Karin.

 

 

By de manlju 2 poules fan 3 partoer. Harm Auke Dijkstra en Tjerk Okkema  wûnen poule A, foaral de lêste wedstriid hjiryn wie tige spannend, tsjin Ids de Boer en Durk Okkema kaam alles oan de hang. Harm Auke en Tjerk wisten dizze te winnen en berikten sa in plak yn de finale.

 

Hjiryn moasten se it opnimme tsjin Christian Hoekstra, Sipke Hiemstra, Marco Rijpkema. Sy wûnen poule B, wêryn ek harren lêste wedstriid it dreechst wie, tsjin Remon Bouma en Sjoerd Wijngaarden waard it 5-5/6-0. De finale waard úteinlik mei 5-2/6-2 wûn troch Christian, Sipke en Marco.

 

We ha wer in tige slagge keatsmiddei hân, mei tank oan stiper Theo de Jong fan Installatiebedrijf De Jong!