23-06-2012 – Pupillen famkes ôfdieling

Op in list fan 14 partoer wie Makkum te sterk foar Reduzum. Makkum wûn de finale mei 5-3 6-4. Der wiene twa tredde prizen foar Berltsum 2 en Wommels 1. Berltsum 2 ferler de heale finale fan Reduzum mei 5-0 6-0. Wommels 1 koe it net rizze tsjin Makkum 5-2 6-4. Fjirders tige moai waar en der is mei nocht en wille keatst. In kompliment oan de pupillen famkes dat se sa mei elkoar om geane.

20120623 Easterein_PupfamkesOFD2

23-06-2012 – Pupillen famkes ferl. ôfd+t.i.l.

Annet de Haan en Berber Bouma wiene hjoed de sterksten yn Easterein. Yn de finale wiene se te sterk foar Reny van Wieren en Marije Sweering 5-1 6-2. Der wiene twa tredde prizen foar Alien Dijkstra mei Anne Wyke Bouma, sy ferleren mei 5-2 6-0 fan de lettere winners. De oare tredde priis wie foar Renske Blanksma en Iris de Vries yn in spannende party kamen se krekt te koart 5-4 6-6 tsjin de twadde priis winners. Ek hjir de komplimenten oan de pupillen famkes dat se sa op in sportiefe manier mei-inoar omgeane

20120623 Easterein_PupfamkesTIL2