24-05-2015 – Pearkekeatsen

Pearkekeatsen 24-05-2015

 

Snein 24 maaie wie it wer safier. Op de Pinkstersnein pearkekeatsen yn Easterein. We hiene dizze kear 35 pearkes op e list stean. De sponser fan dizze partij binne Murks Slagerij, bouw-tekenburo w ligthart en Noflik Easterein. Der koe striden wurde foar moaie fleis weardebonnen.

 

Yn 4 klassen waard der keatst op it A-fjild fan de Skoalleseize. It lei der smûk by sa yn ein fjild. It wie in moai gesicht om safolle keatsers op ien fjild te hawwen. It waar wie skitterjend en derom wie der in protte publyk. Abe en Anny Stegenga ( ús grutte supporters) kamen ek wer efkes om it hoekje sjen. Se ha no ek in i-pad en kin no de ferslagen ek lêze op de side fan KF Easterein.

 

It keatsen wie betiden mar spannend. Aardich wat wedstriden op 5-5 seit genôch. Sommige partijen duorren wol oardel oere! Om kertier foar 6en koe de priisútrikking plak fine. Mei alle priiswinners op e foto en de neisit koe begjinne. It draaiend rêd hat ek noch efkes yn aksje west om de minsken efkes te fermeitsjen. Mei wat muzyk derby waard it och efkes gesellich yn de kantine.

 

Yn de TOP-klasse waard keatst yn twa poules mei trije partoer. De A-klasse bestie út 8 partoer mei in gewoane list. De B-klasse keatsen mei 13 partoer en yn de C-klasse waard wer mei 8 partoer keatst yn in gewoane list.

 

De útslach:

TOP-klasse

1. Sietske Okkema, Sybren Poelsma

2. Jelien Pompstra, Sjoerd de Jong

 

A-klasse

1. Jitske Plantinga, Sjoerd Teake Kooistra

2. Lisette Hillebrand, Stefan van der Weg

 

Ferliezers

1. Sanne Jorritsma, Bote Jellema

2. Tessa Booms, Doede Rients Okkema

 

 

B- Klasse

1. Karin Sjaarda, Christian Hoekstra

2. Monique Vellinga, Jan Vellinga

3. Mattie Dijkstra, Tjeerd Dijkstra

4. Gabriele Bouma, Tjerk Terpstra

 

C- Klasse

1. Petra Jellema, Gerke Jellema

2. Wilma Sjaarda, Marco Rijpkema

Ferliezers

1. Vera Okkema, Hendrik Okkema

2. Tryntsje Bouma, Hindrik de Jong (debutant)

20150524EastereinPearkekeatsen

(Klik op de foto foar in grutter eksimplaar)