Skip to content

Snein 30 augustus alwer de lêste ledewedstriid….

Stiper fan dizze partij wie Theo de Jong mei Ynstallaasjebedriuw de Jong út Easterein.

Mei prachtich waar, in bakje kofje/tee op it terras, in keatslist by de froulju fan 6 partoeren, by de manlju in list fan 6 partoeren binne krekt nei 12.00 oere alle keatsers binnen… Fan ôf in oerke as 12.30 oere geane we los mei keatsen!!!

Froulju

Bij de froulju waard der keatst yn twa poules fan trije partoer. Allegear twa kear keatse, en de winners fan beide poules meie noch stride yn de finale foar de krânse. Yn poule A kaam as winner út de poule it partoer fan Gabriële Bouma, Martine Kooistra en Klaske Plantinga mei in skoare fan 14 punten. Hja wisten beide wedstriden yn de poule te winnen.

Yn poule B kamen as winners út de poule it partoer fan Jitske Veldman, Mattie Dijkstra en Yvonne Terpstra. Ek dit partoer kaam mei in skoare fan 14 punten troch om’t sy beide wedstriden yn harren foardiel wisten te winnen.

De finale wie it begjin foar it partoer fan Gabriële Bouma, sy kamen mei 3-0 foar yn de wedstriid, mar it partoer fan Jitske Veldman wist werom te kommen oant 3-2. Úteinlik wist it partoer fan Gabriële de tried wer op te pakken en de wedstriid nei harren ta te lûken. Mei in stân fan 5-2 6-2 wie de striid dien en hat it partoer fan Gabriële Bouma, Martine Kooistra en Klaske Plantinga de oerwinning te pakken.

Manlju

Ek hjir waard keatst yn twa poules fan trije partoer. De winners út poule A wie it partoer fan Remon Tie Bouma en Ype Tiemersma, sy wisten beide wedstriden te winnen en wûnen de poule mei 14 punten. Poule B wiene de winners Stefan van der Weg en Stefan van Krimpen, ek sy wisten beide wedstriden yn de poule te winnen.

It begjin fan de finale wie foar it partoer Remon Tie Bouma, hja komme op in 3-0 foarsprong. Stefan en Stefan pakke it dernei op lûke de efterstân wer rjocht en komme sels oant in 3-4 foarsprong. It giet gelyk, Remon en Ype hâlde beet en jouwe it net op. Sy komme werom oant 4-4 en sels ek wer op in 4-5 foarsprong. It wurdt 5-5, mar op in 6-4 foarsprong witte Remon en Ype it út te meitsjen en winne it hjoed by de manlju.

Al mei al in hartstikke leuk, gesellige en moaie keatsdei… Stiper Theo en Marja rikke de prizen út oan de priiswinners, en rûn de klok fan 18.20 is it klear foar hjoed!!! Noch in pear friskes, drankjes en hapkes en wy kinne werom sjen op in moaie keatsdei, in dei mei soad wille en gesellichheid…..

20150830Easterein DeJongpartij

Back To Top