Aksjes Keatskampkommisje

Ferskate aksjes keatskampkommisje

 

It winterskoft is foarby, it is jûns wer in oere langer ljocht en it moaie waar komt deroan! Dat betsjut dat wij allegear wer dwaande gean mei it lytse baltsje. It baltsje dat ús de kommende simmer wit ik hoe faak troch de hannen rôlje sil. De tariedings foar de trainingen, wedstriden en natuerlik it keatskamp binne alwer yn folle gong.

 

Yn de kunde mei it keatsen komme…

20150317 Basisskoallekeatsles1 

Ôfrûne twa wiken ha der in oantal trainers fan KF Easterein dwaande west mei it saneamde skoallekeats projekt. Hjirby komme wij twa kear del yn de gymnastykles fan de basisskoalle om keatstrainen te jaan. Sa wolle wij de bern dy noch net op keatsen sitte kennis meitsje litte mei dit moaie spultsje.

20150317 Basisskoallekeatsles2 

Der wiene sa’n 40 bern en dat wie natuerlik fantastysk. Mei help fan de juffen en de trainers ha wij twa kear in oere dwaande west mei opslaan, útslaan, tuskenspul en ferskate spultsjes natuerlik. Al mei al in grut súkses, en wij hoopje dat wij hjirmei in hiel soad nije leden entûsjast makke ha.

20150317 Basisskoallekeatsles3

 

 


Waarmmeitsjen foar keatskamp!

 

Derneist binne Imke en Bauke út namme fan de keatskampkommisje op in woansdei te moarn bij alle klassen op de basisskoalle lâns west om se hielendal gek te meitsjen foar it kommende keatskamp op 6,7 en 8 maaie 2015. Yn feestlike klean en mei in hiel soad lawaai binne we bij de bern nei binnen ta stoarme. Tsunami (de keatskamphit fan 2014) knalde út de speakers! De bern wiene noch lang net op dit moaie nûmer útsjoen, mar wij wol in bytsje.

 

It is dus de bedoeling dat der foar 2015 in nije keatskampknaller komt. Alle bern ha in stimbiljet krigen wêrop se harren eigen hit ynfolje moasten. De stimbus is ûndertusken al hast fol, mar wij kinne jimme op dit momint spitich genôch noch net bekend meitsje wat de nije keatskampknaller fan 2015 wurd. Dat sjogge jimme pas op it keatskamp sels.

20150318 Keatskampaksje1 

Tank oan alle trainers, juffen, masters en oare minsken dy dit allegear mooglik makke ha. Op nei in moai en sportyf keatsseizoen!

20150318 Keatskampaksje2 

Út namme fan de TK en de keatskampkommisje,

Bauke