Skip to content

Op tiisdei 24 augustus wie it wer tiid foar it Âlder-bern keatsen yn Easterein. Dik tweintig partoer op de list en in moaie simmerjûn makken it ta in prachtig barren op ús keatsfjild. Ekstra kleurryk waardt it omt in protte âlders en harren bern oan de oprop om ferklaaid te kommen gehoor jûn hienen. (Besjuch hjirfoar ek seker de foto’s efkes!)

Tiidens dizze foarlêtste keatspartij foar ús jeugd, wurdt der twa kear tweintig minuten keatst. It wichtigste fyne wy as jongerein-kommisje it hawwen fan wille meiïnoar. Tidens dizze jûn wurdt der dêrom dan ek net om priizen keatst. Wol waarden de bern en harren âlders troch Geja en Martina goed yn de watten leint, want oan iisko’s, chips en wat plankjes mei tsiis en woarst wie der gjin gebrek! Froulju, nog ris tige tank!

Mochten jo trouwens mei de tiid de keatsferiening yn it Guinness Book of Records oantreffe, dan kin dat. Want wy binne yn elts gefal fan miening dat sawol it lizzen as it ôfbrekken fan de perken yn recordtiid plakfûn hat. Grutte klasse ek dat safolle dêr efkes meiholpen om dit mei ús yn oarder te meitsjen. Fanselts lizze de perken oare kear gewoan wer foar jimme klear!

Kommende freed fynt de lêtste partij foar de jeugd plak. Wy slúte dan it seizoen mei it Nachtkeatsen ôf! Tidens dizze partij wurde ek de priiswinners fan de kompetysje bekind makke.

Wy geane foar in prachtige jûn!

Groetnis,

Jongerein-kommisje KF Easterein

Back To Top