𝗣𝗼𝗶𝗲𝘀𝘇 𝗝𝗲𝘂𝗴𝗱 𝗦𝗽𝗼𝗻𝘀𝗼𝗿 𝗔𝗰𝘁𝗶𝗲 – 𝗻𝗼𝗰𝗵 𝘁𝘄𝗮 𝘄𝗶𝗸𝗲𝗻!
By de Poiesz kinst by dyn boadskippen sponsorpunten (munten) sparje foar ús feriening. Dy punten leverje ekstra ynkomsten op foar de feriening.
Do kinst op twa manieren meidwaan:
• Sparje en leverje dyn munten sels yn by Poiesz Scharnegoutum yn de koker fan KF Easterein
• Of doch mei yn de WhatsApp-groep: dêr komme de Spaarsprinters yn te stean, kinst se bestelle en dêrnei ophelje by ien fan de bestjoersleden. De spaarsprinter fan dizze wike is in netsje mandarijnen!
Wolst ek meidwaan en ús stypje? Lit it ús witte, dan foegje wy dy ta oan de WhatsApp-groep!
Tige tank!

