Skip to content

Easterein – Dronryp skriuwt skiednis op 20e edysje Jong-Feintepartij

Op sneon 12 july waard yn Easterein de 20e edysje fan de Jong-Feintepartij ferkeatst, de bysûndere ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier. De partij waard yn 2005 yn it libben roppen mei it doel in brêge te slaan tusken de jonges- en senioarenkategory. Mei dizze partij wol K.F. Easterein in ympuls jaan om jonge keatsers langer by it KNKB-keatsen te hâlden. Op de list stiene 18 partoeren en der waard striden om de prestizjeuze wikselpriis ‘de Sulveren Leest’, beskikber steld troch Jan Hiemstra út Frjentsjer.

It wie Dronryp dat yn Easterein skiednis skreaun hat troch foar de tredde kear op rige en yn deselde samenstelling de Jong-Feintepartij te winnen. It partoer fan Jorrit Nanninga, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma liet fan begjin ôf oan in sterke yndruk efter. Yn de earste omloop wûnen se mei 5-0 fan Arum. Yn de twadde omloop hienen se in steand nûmer. Dêrnei troffen se Eksmoarre en ek dy partij einige yn in dúdlike 5-0 oerwinning. Yn de fjirde omloop moasten se keatse tsjin Moarre-Ljussens. Dat partoer kaam knap op 3-2 foarsprong, mar Dronryp wist de partij te kanteljen en pakte úteinlik mei 5-3 6-4 de winst en dêrmei in plak yn de finale. Yn de finale troffen se Tsjom, dat in poerbêste dei keatst hie. Se begûnen mei in 5-2 winst tsjin Winsum, fersloegen dêrnei Bitgum mei 5-0 en hiene in spannende partij tsjin Aldebiltsyl dy’t se mei 5-5 wûnen. Yn de heale finale hienen se in steand nûmer, en sa wiene se as earste finalist bekend. De finale begûn spannend. Tsjom pakte it earste buordsje, mar Dronryp makke gelyk en stoomde dêrnei troch. Se lieten sjen wêrom’t se al twa jier op rige de partij wûn hiene, en ek no lieten se neat lizze. Mei dy oerwinning waard Dronryp opnij winner fan de Jong-Feintepartij, in yndrukwekkende prestaasje fan trije kear op rige yn deselde gearstalling.

1e priis: Dronryp 1 – Jorrit Nanninga, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma

2e priis: Tsjom – Steven Koster, Jorrit Palma en Redmer van der Meulen

3e priis: Moarre-Ljussens – Johan Sipma, Douwe Dijkstra en Jan Bandstra

Back To Top