Federaasje KNKB dei

Sneon 2 juny om 10.00 giet de Federaasje-KNKB dei fan start yn Easterein!

 

10.00 – FEDERAASJE Jongerein & Senioaren

 

De opjefte by de jongerein is prima! Der wurdt yn trije listen keatst troch 80 bern!

 

By de welpen binne der 21 dielnimmers j/f

By de pupillen binne der 27 dielnimmers j/f

By de skoalbern binne der 23 dielnimmers j/f

By de famkes/jonges binne der 9 dielnimmers j/f

 

 

By de senioaren is de opjefte gâns minder… Dat is fansels tige spitich, mar it giet sneon om de minsken dy der wol binne! Der dogge totaal 48 manlju/froulju mei

 

Yn de A-klasse (frije formaasje) binne der seis partoeren dy poulekeatse

LIST A-KLASSE

 

De B-klasse en C-klasse binne op 1 list kommen mei seis partoeren dy in troch-inoar-lotters wedstyriid keatse

LIST B-C-KLASSE

 

By de froulju binne de partoeren ek yn 1 klasse op de list setten. Der binne fiif partoeren.

LIST FROULJUS-KLASSE

 

 

Allegear in soad sukses!

 

 

14.00 – KNKB HAADKLASSE MANLJU & FROULJU (elk 8 partoer)

 

Yn 2009 wienen de haadklasse manlju en froulju ek te gast yn Easterein. Doe krige de priiswinners de jildprizen noch op unike wize mei. De losse euro’s waarden yn in dûbel stel breiden sokken meijûn! Wat it dit jier wurdt is in ferrassing fansels. We binne benijd wat de kommisje fan de Federaasje betocht hat.

 

LIST MANLJU

 

LIST FROULJU

20120602 FederaasjeKNKB_Easterein