Skip to content

Earste lustrum Jong-Feintepartij

 

In simmers lustrum foar de JongFeinte partij op 22 july 2009. Fansels, de 4e woansdei fan july falt midden yn de simmer, mar de waarsberjochten wienen dôchs wol drigend foar de JongFeintedei. Wat siet it allegear mei. De wyn yn de goede hoeke, sa’t we alles op ien fjild hâlde koenen en dus folle moaier foar keatsers en publyk. En de hiele dei prachtich waar! Ûnder de prima lieding fan Anco Elgersma in tige slagge lustrum.

 

 

Om it fjild

26 partoeren op de list, lykas 2007 en 2008, it bestjoer mei har grutte skare belutsen frijwilligers, de frijwilligers fan ‘De Skoalleseize’ en net te ferjitten it fjild! Want wat lei it der wer prachtich by. De ynrjochting fan it fjild wie moai. Elts koe alles goed folgje en efkes in kuierke om de arena hinne meitsje. By it ferieningsgebou it loftkessen foar de bern, de partytinten foar it skûljen as smûk sitte, de ‘burgerkening’ en it kreamke fan ‘AB Fryslân’. Dêr koenen de keatsers terjochte foar in moai shirt en/as in petear oer wurk. Foar it publyk hie ‘AB Fryslân’ fan alles meinommen. Mei tank oan keatsferienings Arum en Wommels koenen we it fjild fierder oanklaaie mei bestjoerswein en banken en dêrby de nije banken fan ‘De Skoalleseize’. De nije materialen fan keatsferiening Easterein wienen prima yn oarder. Wer 3 nije tillegrafen en nije keatsblokjes en it gehiel moast wol yndruk meitsje op keatsers en publyk.

 

 

De gasten

Mei 200 beteljende besikers kamen we sawat op itselde oantal minsken (400-500)op it fjild as ferline jier. Dit kear wie it al betiid folle drokker op it fjild. Dat kaam ek om’t we de wedstriid op 1 fjild hâlde koenen. Middeis wie it yn it ferieningsgebou like drok as der bûten. Want der wie wer in wichtige etappe fan de Tour de France. We ûntkamen der net oan om it skerme út te roljen en de bylden sjen te litten. Mei de organisaasje koenen we in soad regelje, mar de Tour wachte net op it Fryske folksliet foar de finale. Foar wa’t net op it fjild wie waarden de útslaggen en koart ferslach op KNKB.nl setten. Mei help fan de webmasters fan de KNKB ha we dat foar inoar krigen. Sa koe de rest fan de keatswrâld sjen wat der yn Easterein barde en at it aardich wie om der noch efkes nei ta te gean. Nei it keatsen koenen de gasten noch efkes neigenietsje mei de muzyk fan Butterfly, dy yn it ferieningsgebou de keatsleafhawwers in noflike neisit en neidûns besoargen. Nei de lêste toanen elts wer sûn en foldien op hûs oan nei in slagge 5e edysje fan de Jong-Feinte partij.

 

 

Yn it fjild

Skiedsrjochters Jetse Heeringa en Melle Haijma kontrolearje de fjilden en wize de karmasters harren plak ta. Ûnder harren lieding yn 2 fjilden mei 3 perken ferrûn de dei flot en wienen we moai op tiid út. De gearwurking mei de karmasters en wedstriidlieding wie prima. It doel fan de Jong-Feinte is om safolle mooglik keatsers fan in feriening op de Jong-Feinte te krijen en harren in prachtige keatsdei te bieden.

 

Yn 2009 26 partoeren, likefolle as yn 2007 en 2008. Easterein wie dit kear as ienige fertsjintwurdige mei mear (3) partoeren. Debutanten wienen Ternaard, Koarnwert en Harns. Nije partoeren neffens ferline jier wienen Eanjum, Frjentsjer, Minnertsgea, Winsum. Allegear ha se wolris earder op de list stien.

 

De partoeren dy’t ferline jier wol op de list stienen mar dit jier net, wienen Berltsum, Boalsert, Goutum, Itens 1, Makkum 2, Penjum en Rie. Op it NK junioaren stienen ek de partoeren fan Morra-Lioessens, Grou, Kimswert en Tsjom. Koarnwert wie net op it NK, mar wol op de Jong-Feinte. Mei dizze 5e edysje ha 48 ferienings op de list stien. De folgende ferienings stienen alle 5 edysjes op de list: Tsjummearum, Reahûs-Turns, Makkum 1, Dronryp, St. Japik, Easterein 1, Wommels 1 en Wytmarsum 1. Yn 2005 en 2006 wûn Wytmarsum de Jong-Feinte. Yn 2007 wie it Makkum en yn 2008 Holwert.

 

 

1e omloop

Daliks al in oantal ferrassings. Sa keatse de debutanten Koarnwert en Ternaard har knap nei de 2e list mei winst op Makkum (3-5:4-6) en Frjentsjer (2-5:2-6). Harns moat it ferlieze fan St. Anne mei 5-1:6-2. Winsum en Dronryp komme beide op 5 earsten, mar Dronryp pakt it lêste buordzje mei 6-2. “We ha net sterk keatst”, sei Jelmer, “mar wol troch”. Easterlittens begjint mei foarsprong fan 1-0 tsjin Holwert, mar dêrnei soargje Gert Anne, Rudolf en Hindrik Jan samar foar in 1-4 foarsprong. Op 3-5:4-6 slacht Feiko de bal bûten.

 

Easterein I en Easterein II komme ek troch de 1e list en Easterein II wint mar leafst mei 5-0:6-4 fan Wytmarsum (3 finales, 2 kear winst op de Jong-Feinte). Dit kear sûnder Gert Jan Meekma en Jacob Zaagemans. Easterein III docht it goed en begjint mei 1-1 tsjin in favoryt foar de winst, Tsjummearum. Mar dêrnei krije hja gjin buordsjes mear, al is it in oantal kearen 6-6. Ferrassend it ferlies fan Makkum. Mei itselde partoer wêrmei yn 2007 de winst helle waard, dêr slagge it no net. In soad eigen fouten en in hiel ûntspannen Koarnwert der tsjinoer.

 

Wjelsryp wint it ferrassend maklik fan Weidum en liket yn foarm. St. Japik hat gjin kâns tsjin Eanjum, mar “We komme takom jier wer”, seit Bauke! It twatal fan Ingelum hellet kreft út it keatsen op it haadfjild want hja meitsje it de 2 man fan Goaiïngea tige lêstich. Ferline jier stienen se ek tsjinoer inoar en doe wûn Goaiïngea it mei 2-5:6-6. No pakt Ingelum de winst.

 

1 Winsum – 2 Dronryp 5-5:2-6
3 Frjentsjer – 4 Ternaard 2-5:2-6
5 Wommels – 6 Wynaam 5-1:6-4
7 Easterein I – 8 Reahûs-Turns 5-2:6-4
9 Easterein II – 10 Wytmarsum 5-0:6-4
11 Makkum – 12 Koarnwert 3-5:4-6
13 Easterlittens – 14 Holwert 3-5:4-6
15 St. Anne – 16 Harns 5-1:6-2
17 Weidum – 18 Wjelsryp 0-5:2-6
19 Minnertsgea – 20 Hartwert 4-5:0-6
21 St. Japik – 22 Eanjum 1-5:6-6
23 Easterein III – 24 Tsjummearum 1-5:4-6
25 Goaiïngea – 26 Ingelum 2-5:4-6

 

 

2e omloop

De Nederlânsk Kampioen Junioaren Tsjummearum jout Eanjum gjin kans en winne mei 0-5:6-6 en komme mei in steand nûmer yn de heale finale. Ek in soad oare wedstriden op de 2e list litte grutte útslaggen sjen. Sa ‘sprint’ Hartwert samar nei in grutte 0-5:4-6 oerwinning op it ek sterke Wjelsryp, dat net wist wat har oerkaam. Dronryp keatste wer dreech, dit kear tsjin de moaie debutant Ternaard. Mar wer wint Dronryp, dit kear mei 5-4:6-2. Holwert ferslacht St. Anne as Gert Jan op 5-2:6-0 in sitbal slacht.

 

Easterein I lit net genôch sjen tsjin Wommels. In soad eigen fouten, de bravoer fan Wommels, miskien de druk fan in thúswedstriid. Wat dan ek, it slagge net. Easterein II stiet prima te keatsen. Danny Roos slacht goed op en it perk fan Jan de Boer en Ewout de Boer (ek op de boppe) litte hast neat sitte. Easterein hellet dus de tredde list.

 

2 Dronryp – 4 Ternaard 5-4:6-2
5 Wommels – 7 Easterein I 5-1:6-4
9 Easterein II – 12 Koarnwert 5-2:6-0
14 Holwert – 15 St. Anne 5-2:6-0
18 Wjelsryp – 20 Hartwert 0-5:4-6
22 Eanjum – 24 Tsjummearum 0-5:6-6
26 Ingelum

 

 

3e omloop

Om 15.15 oere wie de 3e list ferkeatst. It gie hurd en dat sjogge we werom yn de grutte útslaggen. Ingelum koe it net risse tsjin Dronryp dy no better en skerper stienen te keatsen. It wurdt 3-5:6-6 as Marinus de bal op it tou slacht. Wommels tsjin Easterein II. Danny, Jan en Ewout stienen hjoed prima te keatsten en mear dan de tredde omloop siet der net yn. Se ha harren goed sjen litten en heare faker op de listen thús fan de KNKB.

 

Wommels keatst degelik nei de 5-1:6-6 winst. Hartwert sloech Wjelsryp der ‘vliegend’ ôf, mar tsjin Holwert koenen hja net op; tsjin foaral it opslachtalint fan Gert Anne en knappe útslach fan sawol Gert Anne en Rudolf. Hindrik Jan balkearde yn dizze omloop en die dat goed. Hartwert dus krekt foar de prizen der ôf, 5-1:6-6.

 

26 Ingelum – 2 Dronryp 3-5:6-6
5 Wommels – 9 Easterein II 5-1:6-6
14 Holwert – 20 Hartwert 5-1:6-6
24 Tsjummearum

 

 

Heale finale

Nei twa sniderjende heale finales wêr de opslach de oerhân hie hoopje we ek op in spannende finale. Dizze 2 partoeren stienen yn maaie op it Sjûkelân ek al tsjinoer inoar op it Nederlânsk Kampioenskip Junioaren en doe wie Tsjummearum de winner. Dronryp en Wommels pakke lykas yn 2008 in tredde priis. Oant 4-4 giet it lyk op tusken Tsjummearum en Dronryp. Tsjummearum pakt earst de 5-4, mar op 6-6 slacht Arnold de bal bûten. It lêste earst ferrint frjemd en spannend. Arnold slacht 2 prachtige sitballen, om dêrnei 2 foar en 1 bûten te goaien, 4-6. Steven slacht dan op en Johan slacht kwea út, 6-6. Dan komt der in keats dy’t Johan opslacht, mar krekt bûten.

 

Wommels stiet mei 2-5 efter, mar dan rint de opslach efkes wat minder fan Rudolf en Gert Anne. Wommels komt op 3-5 en sels op 4-5 as Gert Anne bûten slacht. Ek dêrnei mist hy in oantal kearen it perk. Op 6-2 slacht Rudolf de bal boppe fan Redmer, 6-4. Dêrnei slacht Gert Anne 2 ûnwierskynlike sitballen en wint Holwert de partij mei 4-5:6-6. Wommels wer yn de prizen, mar hienen graach de finale yn gien. Foar Erik wie dit syn lêste Jong-Feinte. Mei fjouwer prizen, in twadde en trije tredde prizen hat hy it prima dien mei Wommels.

 

24 Tsjummearum – 2 Dronryp 5-5:6-6
5 Wommels – 20 Holwert 4-5:6-6

 

 

Finale Holwert wint 5e JongFeinte!

Foardat de finale begjint wurdt it Frysk folksliet spile en songen. Dat de helte fan de minsken noch yn it ferieningsgebou stie foar de finish fan de Tour de France hienen we earst net sjoen. Mar nei 2 minuten wienen de fytsers oer de meet en kamen de taskôgers wer nei bûten.

 

Mei 5-2:6-0 wienen Gert Anne van der Bos, Rudolf Soepboer en Hindrik-Jan de Haan te sterk foar Tsjummearum. It ferskil waard makke troch de opslach fan Gert Anne. It lêste earst wienen 4 sitballen fan Gert Anne. Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin winne foar it earst in priis op de Jong-Feinte. In prachtige 2e priis. Tsjummearum begjint wol mei in 1-0 foarsprong, mar dêrnei rint Holwert hurd út nei de 5-1. Ek al om´t de opslach fan Arnold Tsjummearum yn de steek lit. Steven en letter ek Hans nimme it oer. Op 4-4 slacht Hans in sitbal.

 

Op 4-6 slacht Gert Anne op. Steven slacht heech út en Gert Anne kin retoernearje. Mar Hans slacht dan strak oer de grûn de keats foarby, 5-2. Mar it lêste earst wie foar de grutte man fan de opslach dit seizoen. It perk krige gjin fet op syn ballen, sels net mei wiksels. Holwert wint dus lykas yn 2008 de Sulveren Leest en grutte man wie Gert Anne vd Bos, prima stipe troch Rudolf Soepboer.

 

24 Tsjummearum – 20 Holwert 2-5:0-6

 

 

Priisútrikking

De muzyk Butterfly spilet efkes 3 nûmers wylst de keatsers bekomme en it bestjoer har taret op de priisútrikking. Earst wurde Jetse Heeringa en Melle Haijma en masseur Steven Algra betanke mei in moai súvelpakket. Foar Haijma ferrûn it ein fan de dei wat minder, want hy krige in swypslach en koe net fierder. Mar Jetse koe it wol rêde.

2009 JF Skiedsrjochters1

Dronryp, Marten v/d Leest, Jelmer Hornstra en Johan Diertens winne in tredde priis, lykas yn 2008, mar doe krigen se de priis makliker yn hannen as no. Sels in finaleplak siet der hjoed yn. Wommels mei Eeltje Postma, Erik Haitsma en Redmer Strikwerda wurde ek tredde mei harren begelieder Anne Brouwer. Wommels stie yn 2005 yn de finale en dêrnei 3 kear yn de heale finale. Yn 2007 hienen se gjin priis, doe’t se yn tredde omloop ferlearen fan Hyum-Feinsum.

2009 JF Winnersgroep

Tsjummearum mei Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin foar it earst yn de prizen. Alle edysjes dielnaam en no de finale keatse. Yn de heale finale tsjin Dronryp mei in folle tillegraaf troch. De finale tsjin Holwert wie net spannend, spitich. De revânspartij wêr we op hope hienen kaam der net hielendal út. In moaie twadde priis en dat smakket fansel nei mear. Holwert, lykas yn 2009, winner fan De Sulveren Leest. De hiele dei knap keatst! Foaral de opslach fan Gert Anne joech faaks de trochslach. Sa makket hy de partij tsjin Wommels út mei 2 sitballen en tsjin Tsjummearum sels mei 4 sitballen op rige! Ek yn it perk stie Gert Anne syn man en mei Rudolf foarmen hja in sterk perk. De opslach foar minst wie earst foar Hindrik-Jan, mar waard letter prima fersoarge troch Rudolf. Op de boppe wienen Gert Anne en Rudolf om bar goed te plak. Konsintrearre en einliks sûnder fouten, útsein dan 2 earsten yn de wedstriid tsjin Wommels, winne hja fertsjinne de 5e Jong-Feinte.

 

Hja wurde ek tasprutsen troch Jan Hiemstra en krije dan de krânsen om fan 3 jong fammen fan Easterein. Hjir hienen de Jong-Fammen fan Frjentsjer stean moatten, mar dy koenen spitich genôch net komme. Jan Hiemstra rikt de Sulveren Leest út oan Erik Seerden, begelieder fan Holwert. Dêrnei krije Gert Anne, Rudolf en Hindrik-Jan de prizen útrikke. Der wurdt troch Henk Bootsma, de hiele dei oanwêzich, in moaie groepsfoto makke. It earste lustrum fan de Jong-Feinte sit der op. Nei in reinige Jong-Feinte yn 2005, in smoarhjitte yn 2006, no al 3 jier prachtich waar by de Jong-Feinte. Sjoen de belangstelling fan keatsers, publyk en parse en de organisaasje fan Easterein, hat de Jong-Feinte de potinsje in echte keatsklassiker te wurden, lykas Piersma skriuwt yn syn stikje foar it programmaboekje. Graach oant sjen yn Easterein op de 4e woansdei yn july!

2009 JF Holwert1epriis

1e priis: Holwert (Gert Anne v/d Bos, Rudolf Soepboer en Hindrik-Jan de Haan)
Wikselpriis De Sulveren Leest

2009 JF Tsjummearum2epriis

2e priis: Tsjummearrum (Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin)

2009 JF Wommels3epriis

3e priis: Wommels (Eeltje Postma, Erik Haitsma en Redmer Strikwerda)

2009 JF Dronryp3epriis

3e priis: Dronryp (Marten v/d Leest, Jelmer Hornstra en Johan Diertens)

Back To Top