Skip to content

Ferslach Jong-Feinte Partij 2016 – 12e edysje

Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot ha foar Seisbierrum-Pitersbierrum de Jong-Feintepartij wûn.

Yn de finale waard it partoer fan Jelsum-Koarnjum-Britsum mei de keatsers Lieuwe v.d. Werff, Kevin Jordi Hiemstra en Haye Jan Nicolay mei 4-5 2-6 ferslein. Op dizze stân slacht Kees van der Schoot de bal boppe en sa wint Seisbierrum-Pitersbierrum de 12e edysje fan dizze spesjale junioaren ôfdielingswedstriid. Seisbierrrum-Pitersbierrum wûn yn 2014 ek de Jong-Feinte, doe mei Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Visser.

 

Ek dizze 12e edysje waard der wer moai keatst en folop foar de prizen striden. It waar wie dit jier net sa goed as de lêste jierren. By de heale finales en de finale ha we wat lêst hân fan rein en dat binne we hast net went tidens de Jong-Feintepartij. Seisbierrum-Pitersbierrum is de dei begongen tsjin Berltsum 2 (3-5 4-6) en komt ferfolgens St. Jabik tsjin op de twadde list (0-5 6-6). Op de tredde list soarget Seisbierrum-Pitersbierrum foar in plakje yn de heale finale troch mei in skjinne tillegraaf (0-5 0-6) te winnen fan Tsjummearum.

 

Yn de heale finale treffe se it twadde partoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum en ek foar dizze keatsers binne se te sterk. It wurdt 2-5 4-6. Jelsum-Koarnjum-Britsum wûn op de earste list fan Lekkum (5-2 6-2). Op de twadde list ha se in steand nûmer. Yn de tredde list in knappe oerwinning fan 5-3 6-4 tsjin Frjentsjer 1. Yn de heale finale komme se tsjinoer it partoer fan Berltsum 1. Der wurdt om de punten fochten mar Jelsum-Koarnjum-Britsum is te sterk en soarget foar in plakje yn de finale (2-5 2-6).

 

Yn de finale pakt Seisbierrum-Pitersbierrum rap in spul foarsprong, mar ferfolgens wurde de earsten ferdield. It wurdt 2-3 en Seisbierrum pakt troch nei 2-4 en komt fia in skjin earst op 2-5 foarsprong. Jelsum-Koarnjum-Britsum wit net fan opjaan en troch in goeie opslachsearje fan Haye Jan Nicolay wurdt it 3-5. Op 3-5 6-4 pakt Jelsum-Koarnjum-Britsum de 4 earsten mar dat sil it lêste buordsje foar se wêze. Op 4-5 2-6 soarget Kees van der Schoot foar de oerwinning foar Seisbierrum-Pitersbierrum troch de bal boppe te slaan. Tredde prizen wiene der foar Berltsum (André van Dellen, Ruben Eijzenga en Jisse Kemper) en Seisbierrum-Pitersbierrum 2 (Durk Ennema, Jan-Sjouke Weewer en Joran Gerbranda).

20160727 JFP0WinnersGroep

20160727 JFP1Seisbierrum

1e priiswinners

Seisbierrum-Pitersbierrum 1: Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot

20160727 JFP2JelsumKoarnjumBritsum 

2e priiswinners

Jelsum-Koarnjum-Britsum: Lieuwe v.d. Werff, Kevin Jordi Hiemstra, Haye Jan Nicolay

20160727 JFP31Seisbierrum2

3e priiswinners

Seisbierrum-Pitersbierrum 2: Durk Ennema, Jan-Sjouke Weewer en Joran Gerbranda

20160727 JFP32Berltsum

3e priiswinners

Berltsum 1: André van Dellen, Ruben Eijzenga en Jisse Kemper

20160727 JFPWierPostma

Skiedsrjochters Erwin van Wier en Willem Postma 

20160727 JFPAlthuisNauta

Speaker Pieter van Althuis en masseur Dooitze Nauta

20160727JFP Groep

Mear foto’s fan Henk Bootsma, sjoch HJIR

 


Ferslaggen per omloop:

12e Jong-Feinte

Jong-Feinte 2016: 1e omloop

Jong-Feinte 2016: 2e omloop

Jong-Feinte 2016: 3e omloop

Jong-Feinte 2016: heale finales

Jong-Feinte 2016: finale

Jong-Fente 2016: Tank!

Back To Top