Djurre Seerden, Allard Hoekstra en Marco de Groot ha foar Frjentsjer de Jong-Feintepartij wûn.
Yn de finale waard it partoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum mei de keatsers Durk Ennema, Pieter van der Schoot en Joran Gerbranda mei 5-3 6-6 ferslein.
Op dizze stân slacht Allard in tuskenynse bal dy’t Joran tsjin de fuotten fan Pieter oanslacht en sa wint Frjentsjer de 13e edysje fan dizze spesjale junioaren ôfdielingswedstriid.
Frjentsjer wie earder suksesfol op de Jong-Feintepartij. Yn 2005 wûn Frjentsjer in 3e priis, yn 2011 in 1e priis en yn 2014 ferlearen se de finale fan Seisbierrum-Pitersbierum mei 5-5 6-6.
Ek dizze 13e edysje waard der wer moai keatst en folop foar de prizen striden. Op de list stiene 25 partoeren, 3 debutanten (Mantgum, Spannum en Ljouwert) en 9 PC keatsers.
It waar wie prachtich en we ha dit jier in drone útteste kinnen boppe de fjilden.
Frjentsjer is de dei begongen tsjin Sint Jabik (0-5 6-6) en komt ferfolgens Minnertsgea tsjin op de twadde list (4-5 2-6).
Op de tredde list in steand nûmer en in plakje yn ‘e heale finale.
Yn de heale finale treffe se it partoer fan Winsum en ek foar dizze keatsers binne se te sterk. It wurdt 5-1 6-4.
Seisbierrum-Pitersbierrum wûn op de earste list fan Berltsum nei in spannende partij (5-5 6-6). Op de twadde list treffe se Jelsum-Koarnjum-Britsum (5-0 6-0).
Yn de tredde wer in flotte oerwinning mei 0-5 0-6 tsjin Bitgum. Yn de heale finale komme se tsjinoer it partoer fan Menaem. Dit winne se mei 5-2 6-4 en komme sa yn de finale.
Yn de finale wurdt der om de punten keatst. In protte keatsen en se wurde om en om pakt. Op 1-2 6-6 slacht Allard op en kin de bal sels foar de keats werom slaan en it wurdt spullen gelyk. Fanôf dan giet Frjentsjer troch en nimt in 4-2 foarsprong. Seisbierrum-Pitersbierrum bliuwt striden en pakt nei in flot earst en prachtich tuskenspul 4-3. Troch wat opslachfouten komt Frjentsjer op in 4-3 6-2 foarsprong en pakt op 4-3 6-4 de 5 earsten troch de bal yn it perk te retourneren. Op in spannende stân fan 5-3 6-6 bringt Allard de bal tuskenyn en dêr eindigt de striid foar Seisbierrum-Pitersbierrum.
Tredde prizen wiene der foar Winsum (Hessel Postma, Wessel Hilverda en Evert Pieter Tolsma) en Menaem (Youri de Groot, Tom Gerard Cats en Tycho de Groot).
1e priis: Frjentsjer mei Djurre Seerden, Marco de Groot en Allard Hoekstra
2e priis: Seisbierrum-Pietersbirum mei Joran Gerbanda, Pieter vd Schoot en Durk Ennema
3e priis: Menaem mei Tom Gerard Cats, Tycho de Groot, Youri de Groot
3e priis: Winsum mei Hessel Postma, Evert Pieter Tolsma, Wessel Hilverda
Masseur Hendrika vd Heide en skiedrjochters Jenco Sieperda en Sipke HIemstra
De Jong-Feinte foar it lêste jier yn de Gemeente Littenseradiel. Boargemaster Johannek Liemburg naam ‘ôfskie’
Haadstiper it Dielshûs kiriget in nije eigner, Durk Douma naam derom ‘ôfskie’ mei moaie wurden
Klaas Pompstra en Anke Marije Pompstra foar lêste kear op Jong-Feinte foar it ferslach fan de dei
De blokjerinners fan hjoed by de Jong-Feinte