Ferslach ledenpartij 05-07-2020

 

De start fan it keatsseizoen hjoed, yn july! Súver apart dat we wer keatse kinne en meie nei de Corona-perioade. Lokkich dat de maatregels wer soepeler wurden binne en we ús favoriete balspultsje wer útoefenje meie.

Fyn ek dat it waar meiwurke; juster rein en hurde wyn, hjoed allinnich mar hurde wyn en lokkich it sintsje wat san no en dan tusken de wolken trochkiepere. Prima keatswaar!

 

Mei 10 froulju en 17 manlju in moaie opkomst sjoen de koarte oankundigingstiid.

De froulju keatsten yn in poule mei 4 partoer sadat se allegear 3x keatse koene. Yn de lêtste omloop troffen de 2 partoeren dy’t beide partijen wûn hiene mekoar, dit waard dus dé wedstriid om de krânsen. Corrie Kroondijk, Tineke Kamstra en Karin Sjaarda lutsen hjiryn oan it langste ein en wûnen (mei 5-2/6-2) ek hun 3e partij. Dêrmei fertsjinnen Jitske Plantinga en Mattie Dijkstra de 2e priis.

 

1e priis

Corrie Kroondijk

Tineke Kamstra

Karin Sjaarda

 

2e priis

Jitske Plantinga

Mattie Dijkstra

 

Ek de manlju keatsten mei 6 partoeren yn in soart fan poule neffens it Sneker systeem. 2 partoeren hiene alle 3 partijen wûn: Hendrik Sweering, Tjeerd Dijkstra, Han Kooistra en Stefan van Krimpen, Tom Couperus, Jelle de Boer. Oansjoen beide partoeren ék eksakt deselde tsjinearsten hiene kaam it dus op de tsjinpunten fan de lêtste earsten oan. Mei 6 om 10 tsjinpunten behellen Hendrik Sweering c.s. de krânsen.

 

1e priis

Hendrik Sweering

Tjeerd Dijkstra

Han Kooistra

 

2e priis

Stefan van Krimpen

Tom Couperus

Jelle de Boer

 

We ha in prachtige keatsdei hân! Mei tank oan de stipersgroep fan KF Easterein en alle leden dy’t de hannen út de mouwen stutsen ha mei opromjen en bar draaien, super!

 

Graach sjogge we jim gau wer op it keatsfjild. De earstfolgende wedstriid is op snein 19 july: manlju t.i.l. en froulju t.i.l. (sêfte bal). Opjefte kin via Wietse Vink (opjefte@kfeasterein.nl) as fia de KF opjefte app.