Ferslach ledenpartij 6 juny 2021

Nei in lange Corona perioade koene we eindelik wer los! Mei 35 keats(t)ers op de list in moaie opkomst: 23 manlju en 12 froulju.

De manlju keatsten in ‘gewoane’ list en de froulju keatsten yn in poule fan 4 partoer. Under hearlike waarsomstannigheden waard de earste bal rûn 12.30 oere slein. Nei in drege 1e omloop ferrûnen de 2e en 2e omloop wat flotter en koene de prizen 17 oere útrikt wurde. Hjirûnder de útslagen.

Manlju

1e priis: Rémon Bouma, Durk Haringsma, Tom Couperus

2e priis: Bote Jellema, Roel Sijbesma, Sipke Hiemstra

1e priis ferliezers: Stefan van Krimpen, Hans Kooistra

2e priis ferliezers: Wietse Vink, Pieter Porte, Jelmer Hazenberg

 

 

Froulju

1e priis: Jitske Plantinga, Froukje Dijkstra, Klaske Plantinga

2e priis: Martina Kooistra, Vera de Vries, Talitha Dijkstra

 

Wat in prachtige keatsdei ha we wer ha kinnen! Fansels mei tank oan ús stipersgroep.

Under it genot fan in hapke en drankje koe dizze earste wedstriiddei noflik ôfslúten wurde op it terras.