Skip to content

Pearkekeatsen 8 juny 2025

Sêfte as hurde bal; elts hie de kar hjoed mei it pearkekeatsen. De ferdieling wie 50/50: 6 pearkes mei de hurde bal en 6 mei de sêfte bal. Troch it keatsen fia it saneamde ‘Sneker’ systeem koe elts 3x keatse.

Elts waard flink op de proef stelt; bytiden hurde rein en in flink wyntsje makken it keatsen der net makliker op. Mar al mei al dochs wer in slagge keatsdei!

Hurde bal
1e priis: Bote Jellema en Julia Paauw (21 foarearsten)
2e priis: Bouke Fopma en Selma de Boer (16 foarearsten)

Sêfte bal
1e priis: Danny Roos en Petra Jellema (21 foarearsten)
2e priis: Rutger Sijbesma en Wiepkje Sijbesma (19 foarearsten)

Back To Top