Foarbeskôging Jong-Feinte partij 2019

 

 

15E JONG-FEINTE PARTIJ
Woansdei 24 july 2019 giet de 15e Jong-Feinte partij los!
Oanfang: 10:00 oere
Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein

________________________________________

Lotting
Moandei 22 july 2019 wie de lotting. Yn oanwezigens fan it bestjoer, stiper en earelid Jan Hiemstra, stiper Jouke Huitema fan Nylân, earelid Tjeerd Dijkstra, beide skiedsrjochters en in oantal oare belangstellenden waard de lotting iepene troch foarsitter Dirk-Yde Sjaarda. Om bar mochten de oanwêzigen in lotsje lûke en foar Easterein waard dat dien troch Bote Jellema en Remon Bouma dy’t woansdei meidochen.

DE JONG-FEINTE LIST
https://www.knkb.nl/pageid=13283/wdstid=15442

Op dizze 15e edysje dogge 29 partoeren fan 24 ferienings mei, in rekord! We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle junioaren en jonges! Want úteinlik giet it om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! Op de list steane 10 keatsers dy wis binne fan de PC 2019 yn Frjentsjer. En 5 dielnimmers oan de Jong-Feinte partij striide in dei letter op de keatsoff foar it 16e PC-plakje.

Op de 15e edysje binne 8 ferienings dy debutearre: Moarre-Ljussens, Balk, Hommerts-Jutryp 1 + 2, Baard, Kimswert, Reduzum en Winsum 2.
Alle 15 edysjes meidien: Dronryp, Easterein en Wommels.
72 ferskillende ferienings ha meidien.

Sjoch foar alle ynformaasje op www.kfeasterein.nl by Jong-Feinte.

Lieding
De lieding fan de Jong-Feinte partij op it fjild is yn hânnen fan Johny Bergsma fan Minnertsgea en Sipke Hiemstra fan Easterein.

Bysûnderheden
De Jong-Feinte partij is live te folgjen op dizze website, twitter (@KFEasterein) en Facebookside KF Easterein.

Ek radio Eenhoorn is presint! Fanôf 14:00 oere folget in live-útstjoering fan de Jong-Feinte partij. Sjoch op http://www.radioeenhoorn.nl of folgje @Radioeenhoorn op Twitter of https://www.facebook.com/radioeenhoorn.

Henk Bootsma is ús fotograaf fan dizze dei en fansels alle oare parse en fotografen binne fan herte wolkom!

 

We winskje alle dielnimmers in soad súkses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta op de 4e woansdei fan july!