Jong-Feinte 2016: 3e omloop

Ferslaggen

25. Jelsum-Koarnjum-Britsum – 3. Frjentsjer 1

In djippe sitbal fan Allard op 6-6 bringt Frjentsjer op in 0-1 foarsprong. It stiet 0-1 6-2 en Jelsum-Koarnjum-Britsum slacht de bal boppe en makket dêrmei earsten gelyk.

Op 1-1 6-0 en in lytse keats bringt Jelsum-Koarnjum-Britsum de bal bûten, 6-2. Ferfolgens in sitbal en Jelsum komt op in 2-1 foarsprong.

Op in stân fan 2-1 6-6 slacht Allard in sitbal en makket dêrmei twa earsten gelyk. Op 3-2 6-6 slacht Haye Jan op en Allard hat in knapper yn it perk, 4-2.

Marco wurdt wer wat better yn it perk en Frjentsjer krijt wer oanslúting, 4-3. Haye Jan slacht op 4-3 6-2 in prachtige sitbal en nimt dêrmei de 5-3 foarsprong.

Yn it lêste earst komt Frjentsjer noch wol op 6-4, mar de lêste opslach fan Allard giet bûten wêrtroch Jelsum-Koarnjum-Britsum yn de heale finale stiet.

 

6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2 – 9. Dronryp

De jonges fan Seisbierrum-Pitersbierrum 2 stean de hele dei al leuk te keatsen en litte dat no ek wer sjen tsjin Dronryp. Se komme samar op in 4-1 foarsprong.

Op 4-1 6-2 by de opslach fan Durk hat Jan Sipke in knapper yn it perk en wurdt it sels 5-1. Yn it lêste earst wurdt der fochten om de punten en komt der noch in keats op 6-4.

Durk Ennema pleatst op dizze stân fan 5-1 6-4 in sitbal en bringt Seisbierrum-Pietersbierrum dêrmei yn de heale finale.

 

 

15. Tsjummearum – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1

Nei in knappe winst yn de foarige omloop fan Tsjummearum tsjin Makkum kamen se no tsjin ien fan de favorite partoeren te stean.

Seisbierrum-Pitersbierrum 1 komt hieltyd better yn de wedstriid en Tsjummearum koe net der folle tsjinyn bringe. In soad skjinne earsten en Seisbierrum-Pitersbierrum dendert troch nei in 0-5 foarsprong.

Op in stân fan 0-5 0-6 slacht Kees v/d Schoot op en Nick Leistra kin de bal net goed ferwurkje. Seisbierrum-Pitersbierrum pleatst sich ek foar de heale finale en mei it opnimme tsjin it twadde partoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum.

 

21. Berltsum 1

 

Utslaggen

25. Jelsum-Koarnjum-Britsum – 3. Frjentsjer 1 5-3:6-4
6. Seisbierrum-Pitersbierrum 2 – 9. Dronryp 5-1:6-4
15. Tsjummearrum – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1 0-5:0-6
21. Berltsum 1