Jong-Feinte 2016: finale

Ferslach

25. Jelsum-Koarnjum-Britsum – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1

Seisbierrum pakt beide keatsen op in stân fan 0-2 en pakt de 0-6 foarsprong yn it earste earst. Geweldich tuskenspul en Kees v/d Schoot slacht de bal fanôf de boppe ôf werom yn it perk. It earste buordsje foar Seisbierrum.

It is 0-1 4-0 en der lizze twa keatsen. Seisbierrum pakt beide en makket yn it twadde earst fjouwer gelyk. Op 0-1 6-6 slacht Pieter v/d Schoot de bal boppe en pakt foar Seisbierrum it spul.

Ek yn it folgende earst wurde de punten ferdield. Op 4-4 bringt Johannes de bal bûten en wurdt it 6-4. De folgende bal giet foaryn en Kevin Jordi Hiemstra slacht de bal boppe, 1-2.

Trije sitballen op rij fan Seisbierrum, 0-6. Seisbierrum hâldt in keats en Kees en Pieter pakke dizze keats wêrtroch it 1-3 wurdt. Op 1-3 4-4 falt Kevin Jordi moai yn de bal en dizze giet boppe, 6-4. Dan bringt Johannes de bal krekt foar en wurdt it 2-3.

Seisbierrum pakt yn it perk beide keatsen, 2-3 0-4. Se pakke ek de 0-6 yn dit earst trochdat Jelsum de bal kwea slacht by it retourneren fan de bal.

Ferfolgens in sitbal en in bûtenbal Haye Jan Nicolay, 2-4 foar Seisbierrum. Dan in rap earst en Seisbierrum nimt samar in skjinne seis foarsprong. Haye Jan bringt de bal achteryn en Pieter v/d Schoot kin der in keats fan meitsje.

Op 2-4 en 0-6 pakt Jelsum de keats en wurdt it 2-6. Dan in sitbal en Seisbierrum pakt de fiif buordsjes, 2-5. Seisbierrum komt ek yn it lêste earst op in foarsprong fan 0-6.

Jelsum jout noch net op en Haye Jan makket 2-6 troch in sitbal. Ferfolgens pakt hy ek de 4-6 troch de bal werom te slaan yn it perk. Wer in sitbal fan Haye Jan Nicolay, 6-6 troch wer in sitbal.

Hy is noch net klear en pakt mei wer in sitbal de 3 buordsjes foar Jelsum.

3-5 0-2 en in keats. Kevin Jordi glide fuort op de boppe en koe de bal net werom slan, 0-4 en ferfolgens noch in keats. Seisbierrum nei de opslach. Jelsum pakt beide keatsen en makket fjouwer gelyk.

Kevin Jordi slacht de bal boppe en pakt as earste de 6 foar Jelsum; 3-5 6-4. Dan in bûtenbal fan Johannes v/d Veen en it wurdt 4-5. 4-5 2-0 en twa keatsen. Kees v/d Schoot slacht de earste keats foarby en de folgende bal giet bûten, 2-4. In moaie tuskenynse bal wurdt fuortslein troch Pieter v/d Schoot, 4-5 2-6. Kees v/d Schoot soarget foar de oerwinning foar Seisbierrum troch op dizze stân de bal boppe te slaan.

Seisbierrum-Pitersbierrum 1 wint de 12e edysje fan de Jong-Feintepartij!

Utslach

25. Jelsum-Koarnjum-Britsum – 20. Seisbierrum-Pitersbierrum 1 4-5:2-6