Skip to content

2007 JF_SulverenLeest

De Sulveren Leest is de wikselpriis foar de Jong-Feintepartij yn Easterein. lt is in kopy fan de izeren leest (of trijepoat) dy’t jierrenlang troch Pieter Hiemstra (‘Pieter Skuonmakker’) brûkt is om skuon op te reparearjen. Pieter Hiemstra wenne tsjin it sportfjild oan (’t Heechhiem 7) en hie syn skuonmakkerswurkpleats by hûs. Hy hâlde tige fan it keatsen, mar koe der, om’t er ynvalide wie, nea goed oan meidwaan.

As neitins oan him is yn opdracht fan syn soan Jan Hiemstra en yn oerlis mei it bestjoer fan de KF Easterein troch juwelier Klaas Kramer te Frjentsjer de wikselpriis foar de Jong-Feintepartij makke.

Dy wikselpriis, dy’t nea eigendom fan in winnende feriening wurde kin, bestiet út de leest dy’t fêstset is yn in ebben ûndergrûn. Dêrefter stiet in ornamint fan pleksyglês, dêr’t stilearre de Eastereiner toer – dy’t de ferbûnens mei Easterein ta útdrukking bringt – yn ôfbylde is en binne ek de earste trije rigels fan de sulveren bal dy’t yn 1750 yn Easterein ferkeatst waard, gravearre. It gehiel sit yn in glêzen omskot. De Eastereiner bal is de âldst bekende, bewarre bleaune sulveren keatsbal yn Fryslân.

 

(Komt nuw Vrinden en Gaet met mij / Na Osterend; ’t Staet voor elk vrij, / Om daer te kaetsen en drinken, / …).

 

En dêrmei wurdt de bân mei it ieuwenlange keatsen yn Easterein ta útdrukking brocht. Fierders sit yn it ornamint in sulveren keatsbal as symboal fan it keatsen ferwurke. Mar ek yn de Sulveren Leest sit symbolyk: de trije poaten foarmje de trije keatsers fan it partoer en jouwe oan dat trije spul út is. Yn de Sulveren Leest binne ferskate merktekens slein om de autentisiteit oan te jaan.

  • It earste is dat fan de sulversmid (KK, it masterteken fan Klaas Kramer);
  • it twadde, de letter V, is de jierletter en it teken dat de leest kard is troch it waarboarchkantoar yn Gouda;
  • it tredde is in Minervakopke mei dêryn in letter; it is it kantoar fan stimpeling te Gouda en it fjirde is in steande liuw; dêrmei wurdt it sulvergehalte, yn dit gefal0,925, oanjûn.

Lit ús hoopje dat de Sulveren Leest oant yn lingte fan jierren de wikselpriis fan de Jong-Feintepartij te Easterein wêze sil.

Jan Hiemstra

Back To Top