Jongerein: Opjefte trainingen 2013

Achte jeugdleden.

 

Wy organisearje ek dit seizoen wer seal- en fjildtrainingen ûnder begelieding fan (diplomearre) trainers. Alle jongerein dy al lid binne fan ús feriening wurde persoanlik oanskreaun mei de útnoeging foar de seal- en fjildtrainingen.

 

De sealtrainingen binne yn sporthal ‘De Greidhoeke’ yn Easterein. De fjildtrainingen binne op sportfjilden ‘De Skoalleseize’ yn Easterein.

 

Trainingen SEAL:         fanôf tiisdei 2 april o/m woansdei 24 april 2013.

Trainingen FJILD:         starte yn de wike fan moandei 29 april 2013.

 

De kosten fan de trainingen binne EURO 30,00 foar seal- en fjildtraining

Sealtraining EURO 17,00

Fjildtraining  EURO 13,00

 

Graach krije we fan eltsenien reaksje!

Ek as men net meidwaan wol oan de trainingen.

Sadwaande kinne wy de groepen op tiid yndiele en ferjitte wy net ien.

Fansels wolle wy jimme graach ALLEGEARRE op de trainingen sjen!

 


20111211 Sealkeatsen1Formulier opjefte trainingen

 

 

 

 

 

(klik op de foto foar it formulier)