Keatskes: 23-06-2013

Woansdei wie der in ledepartij foar de jongerein. Sneon Yn Easterein de Posthumapartij en de sneins de Undernimmerspartij fan de Undernimmersferiening Easterein/Wommels. En fierder makket elk him/har op foar de doarpsfeesten fan 26 juni oant en mei 30 juny mei op tongersdei 27 juny it keatsen.

 

 

Woansdei 19 juny

 

FERIENING

 

Boerogroupparty foar de jongerein

Sjoch foar it ferslach en de foto’s by Utslaggen, Leden

 

 


 

Sneon 22 juny

 

LEDEN

 

 

Posthumapartij foar de senioaren

 

Sjoch foar it ferslach en de foto’s by Utslaggen, Leden

 

KNKB

 

St Anne – Manlju 2e klasse frije formaasje

Willem Jan Postma, Bauke Dijkstra en Steven de Bruin winne fan Chris Outhuijse, Tsjerk elsinga en Mark-Jan Riemersma mei 0-5:6-6. Opfallend wienen de soad en fiere boppeslaggen duo de Bruin/Dijkstra.

 

 

St Nyk – Jonges frije formaasje

In 2e priis yn de ferliezersronde foar Johannes Reiker, Skearnegoutum, Rémon Tie Bouma en Lex Potma, Hommerts.

 

Mantgum – NK Skoalfamkes

Yn Mantgum keatse Mirjam, Julia en Jeska tsjin Wytmarsum dat te sterk wie. Se ferlieze mei 5-1:6-2. Wymarsum wint de 3e priis dizze dei.

 

 

FEDERAASJE

 

Wommels – Jongerein

Fan Easterein stienen Redmer Stegenga, Marrit Hiemstra, Bauke Reijnhoudt, Rutger Sijbesma, Redmer Wiersma, Siebo Boersma op de list by de welpen.

We ha noch gjin útslaggen mar wol hiele moaie foto’s fan Henk Bootsma.

 

 

 


 

Snein 23 juny

 

KNKB

 

St Anne – Froulju ôfdieling

Sawol Easterein 1 (Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma) as Easterein 2 (Tineke Dijkstra, Sietske Okkema en Jelien Pompstra) kamen net troch de 1e omloop yn St Anne. Beide partoeren makken tafolle fouten en ferlearen mei 5-1:6-6 en 5-2:6-0.

 

 

Raerd – Jonges A+B

Doede Rients Okkema wint de krânse mei Mark Jan IJkema, Siesbierrum en Evert Pieter Tolsma, Winsum.

 

 

Snits – Pupillenfamkes ôfdieling

Corrie en Roelie Kroondijk en Selma de Boer winne de 1e omloop fan Jirnsum mei … Dêrnei moatte se tsjin Seisbierrum en ferlieze dat. Seisbierrum komt yn finale en wurdt twadde.

 

 

Wergea – Welpen famkes en jonges, A+B

20130623 Wergea Welpenfamkes 

Nynke Paauw wint mei Anna-Boukje Altenburg de 2e priis yn de B-klasse.

20130623 Wergea Welpenjonges 

Redmer Wiersma wint mei Niels Vrieswijk fan Boalsert de 2e priis yn de ferliezersronde fan de B-klasse