Keatskes: 3-5-2015

De earste keatskes fan 2015!

 

We ha de earste wedstriden fan it seizoen al wer belibbe, sawol yn Easterein as dêr bûten.

Mei Keningsdei gie it al los yn Holwert, dêr ’t de bruorren Dijkstra tsjinoaer inoar yn de finale stienen! En fansels ek de earste wedstriid fan it seizoen yn Easterein. Dizze wike ha we ek it 2e keatskamp op 6-7-8 maaie. Hoopje dat it bûtendoar wat waarmer wurdt foar de dielnimmers en de lieding. Sukses!

Nij yn keatskes: klik op de titel boppe oan it ferslach fan de wedstriid. Dêr sit in link nei de website fan de KNKB (as Federaasje) 

 


Moandei 27 april 


 

Holwert – Manlju 1e klasse t.i.l.

20150427 Holwert-1eklasse 

Jelte Pieter en Bauke yn de finale tsjin elkoar en dit kear winne Jelte Pieter en syn maten mei 5-3:6-0.

1e Jelte Pieter Dijkstra, Heerenveen, Hendrik Jan van der Velde, Bolsward en Thomas van Zuiden,Tjerkwerd (koning)

2e Marten Bergsma, Minnertsga, Bauke Dijkstra, Easterein, Rick Poortstra, St. Jacobiparochie

 

Easterein – Keningsdeipartij

Op moandei 27 april is it seizoen útein setten mei de twadde Keningsdeipartij.

Sjoch foar it ferslach by Wedstriidferslaggen, Leden.

 


Sneon 2 maaie


 

Berltsum – Manlju 50+

Yn Berltsum de manlju 50 A+B. Yn de B-klasse wie de krânse foar Roel Sijbesma mei Jan Feenstra, WInsum en Joop Bootsma, Reahûs.

De 1e priis by de ferliezers wie foar Sipke Hiemstra mei Douwe Broersma, Mullum en Hans Hilarides, St Jacob. En by syn debut yn de KNKB 50+ klasse in 2e priis yn de ferliezers foar SImon Kingma mei Teake Koster, Harns en Anne Siderius, Boazum.

20150502Berltsum501

20150502Berltsum502

20150502Berltsum503 

  


Snein 3 maaie 


 

Weidum – Bangmapartij

Easterein wie der hinne mei twa partoeren. Easterein 1 mei Danny Roos, Bauke Dijkstra en Jan Schurer ferlearen mei 5-1 fan Bitgum. Easterein 2 mei Doede Rients Okkema, Marten Faber en ´bylotte´ Jan Schurer ferlearen mei 5-0 fan Berltsum. Dat wie wol spitich, want hast alle kearen op de 6-6.

 

Penjum – Haadklasse froulju t.i.l.

Snein wienen der 6 froulju foar Easterein aktyf op de keatsfjilden. Yn Penjum stienen Imke vd Leest en Jelien Pompstra op de list en wienen ek noch by elkoar mei Rianne Vellinga. OP 4-3:6-6 koenen se it earst net pakke en ferlearen dêrnei mei 5-3:6-2.

 

Menaam – Froulju 1e klasse

Hjir skoarden de froulju 100%! Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma kamen mei Grada vd Schoot yn de finale tsjin Sietske Okkema mei Janneke Terpstra en Mariska Hoogland. Tineke en Martine wûnen dat mei 5-5:6-6. Yn de heale finale hienen Tineke c.s. it wûn fan Marije Hiemstra mei Sigrid de Jong en Akkelyna de Haan dy dus in knappe 3e priis hellen.

20150503MenaamFroulju1ekl1

20150503MenaamFroulju1ekl2

20150503MenaamFroulju1ekl3

 

Snits – Skoalfamkes t.i.l.

Yn Snits 4 skoalfamkes op de list en hjir wienen it 3 fan de 4 dy yn de prizen foelen.

Alien Dijkstra mei Laudy Bouma kaam yn de finale en wûn de 2e priis. Yn de ferliezersronde in 2e priis foar Roelie Kroondijk meiAnna Joostema, Berltsum en de 3e priis foar Selma de Boer mei Antsje de Vries, Anjum.

20150503SnitsSkoalfamkestil1

 

Baard – Welpenjonges t.i.l.

De 1e yn de ferliezersronde wie foar Redmer Stegenga en Redmer Wiersma. Hja wûnen de spannende partij op 5-5:6-6.

20150503BaardWelpenjongestil1f