Keatskes: 30-06-2013

It wykein, of sis mar de wike fan de Eastereinder feesten. En dan slagget it net altyd mei it keatsen, of doch wol? De resultaten wienen ferskaat, mar it wienen geweldige feesten yn Easterein.

 

Tongersdei 27 juny

 

FEESTKEATSEN

 

Easterein – Feestkeatsen yn ferskate klassen

Der waard yn mar leafst seis klassen keatst en de resultaten fan it keatsen kinne jimme fine op de site fan Oranje & Heitelan

 

 


 

Sneon 29 juny

 

KNKB

 

 

Mantgum – 10de Jong-Fammen

De Jong-Fammen Tineke Dijkstra, Marije Hiemstra en Martine Tiemersma helje de 2e omloop, mar ferlieze dan fan Frjentsjer mei 3-5:4-6. Fan’t selde wie it de 1e omloop al dient. Doe stienen se tsjin Peins mei 5-0:6-2 efter mar wisten op 5-5:6-6 te winnen.

 

 

Rie – NK pupillenfamkes

De pupillenfamkes Corrie Kroondijk, Roelie Kroondijk en Selma de Boer koenen it net risse tsjin Goeiïngea en ferlearen mei 5-3:6-6 yn de 1e omloop.

Sjoch ek de ferslaggen op KNKB.nl

 

 


 

Snein 30 juny

 

KNKB

 

Dronryp – Manlju 1e klasse Ûnbeperkt

20130630 Dronryp 1eklasse

Yn Dronryp pakt Jelte Pieter Dijkstra mei Sjoerd de Jong en de nije foarynse Herman Sprik de krânse yn Dronryp! In moaie opstekker en Jelte Pieter waard ek noch kening. Yn de finale waard mei 5-5:6-2 wûn fan Bauke Triemstra, Alle-Jan Anema en Hendrik Kootstra

 

 

Doanjum – Froulju haadklasse Ûnbeperkt

20130630 Doanjum HaadklasseFroulju

Yn Doanjum winne Marije Hiemstra en Imke vd Leest mei Geke de Boer de krânsen yn Doanjum. De earste priis foar it partoer yn de nije gearstalling. Se winne de finale fan Lisette Wagenaar c.s. mei 5-3-:6-4.

 

Tineke Dijkstra soarget mei Judy Bergsma en Idske Zijlstra foar de ferrassing fan de dei yn Doanjum troch partoer Iris vd Veen te ferslaan. Se ferlieze dêrnei fan Marije Hiemstra c.s., 4-5:6-6.

 

Sietske Okkema en Jelien Pompstra ferlieze mei Anke Winkel de 1e omloop fan NIcole Hempenius c.s, 5-3:6-4. Se koenen de stunt fan Easterein dit kear net werhelje.

 

 

Makkum – Manlju 50+

20130630 Makkum Manlju50

Yn Makkum wint Sipke Hiemstra de 3e priis mei Simon de Groot en Marten vd Meulen.

 

 

Arum – Welpenfamkes

20130630 ArumWelpenfamkes 

Yn Arum wint Nynke Paauw mei Anneke Wassenaar fan Minnertsgea de 2e priis.