Keatskes wike 19

Himelfeart wykein dat betsjut foar ús, keatsleafhawwers, in soad keatsen. Machtich moai al sizze wy dat sels. Tongersdei, sneon en snein wiene der ferskate wedstriden. Der binne sels in pear fan ús leden yn Hilversum west. Hjirûnder de resultaten dy at wy troch krigen hawwe fia ús WhatsApp-groep ‘keatsútslaggen’.  

 

 

 

Tongersdei 10 maaie, 50+ t.i.l.
Fanút It Hearrenfean krigen wy “selderij” (autocorrectie fan de mobyl) ferhalen. Ype en Sipke ferlearen de earste omloop. Roel kaam yn’ e finale en behelle hjir in moaie twadde priis. Ek Tjeerd helle in priiske. Hy wûn de wedstriid om de tredde priis as neat. 

 

 

Sneon 12 maaie, 50+ t.i.l.
Jammer genôch dit kear gjin foto. Ype Tiemersma wûn neist de priizen yn’ e ferlotting ek de earste priis yn’ e herkânsingsronde.

 

Snein 13 maaie, haadklasse froulju F.F.
Dizze wedstriid gjin Eastereiners op’ e list. Lokkich wol âld Eastereiners! Tineke Dijkstra keatste poerbêst, wûn sawol de earste as de twadde omloop. Alwer in moaie twadde priis foar dit partoer. 

 

Easterein wûn de ôfdielingspartij by de famkes! De earste trije wedstriden waarden wûn mei 5-1. Sawol Berltsum, Makkum as Folsgeare moasten der oan leauwe. Yn’ e finale moasten hja it opnimme tsjin it sterke Seisbierum, nei 5-0 waard it dochs noch 5-1, 5-2 en 5-3. Dêrnei koe Easterein oan it langste ein lûke en wiene de moaie krânsen foar ús froulju!

 

Jan stie mei syn F.F. partoer op’ e haadklasse yn Sint-Anna. Mei in moai lot (nûmer 9 en 10) wûnen hja de earste omloop. Nei in steand nûmer hiene se al in priiske te pakken. Ek de heale finale koene se winne. De finale wie der ien om yn’ e boeken te skriuwen. 5-5 6-6 wêrby de wedstriid eindige mei in prachtige boppeslach yn it tuskenspul.