Pearke-keatsen

Pinkstersnein, ien fan de moaiste partijen fan it jier: pearke-keatsen! Under prachtige waarsomstannigheden begie de striid tusken de pearkes om goed 12 oere. Mei 24 partoeren wiene de pearkes ferdield oer 3 klassen: A, B en C. Yn alle klassen 8 partoer op de list. Opfallend wie it oantal Feyenoord shirts, prachtich! 😉

 

 

 

 

Yn de A klasse louter toppartoeren: fan jeugdige oanwask ta ‘good oldies’ Robert en Wiepkje. De finale yn de ferliezersronde gie tusken Rémon Bouma/Aaltsje Kroes en Marten Faber/Marit Kuperus. Nei in spannende partij gie de 1e priis nei Marten en Marit, se wûnen mei 5-5/6-2.

Robert Sijbesma en Wiepkje Hiemstra lieten sjen dat se prima mei koene dwaan tusken de jonkies: se wûnen harren 1e twa partijen en bedarren sa yn de finale tsjin Sjoerd Taeke Kooistra en Sietske Okkema. Ek sy wûnen de 1e en 2e omloop (mei mar 1 earst tsjin) en lieten yn de finale sjen toch echt it toppartoer yn de A klasse te wêzen. Sa giene Sjoerd Taeke en Sietske mei de krânsen nei hús troch te winnen mei 5-0/6-6. En dêrmei in moaie 2e priis foar Robert en Wiepkje.

 

De 1e omloop yn de B klasse wie fuort al spannend: 3 partijen einigen yn 5-5. Dus de pearkes wiene behoarlik oanmekoar weage. Hans en Dieuwke Kooistra kamen yn de finale fan de ferliezersronde tsjinoer René Rijpma en Imke van der Leest (debuut op ledenpartij) te stean. René en Imke wûnen dizze striid mei 5-1/6-6.
Tjeerd en Mattie Dijkstra hiene de 2e omloop dreech keatst (5-5/6-6 winst op Abe-Jan Stegenga en Liesbeth Bootsma) en mochten sy it yn de finale opnimme tsjin Bote Jellema en Anouk van Berkum. De hage gie nei Tjeerd en Mattie; sy pakten de winst op 5-2/6-4.

 

De C klasse; soms in drege keatserij en ferhite hollen. Mar ek in protte wille! Tjerk Okkema en Tine Bouma wûnen de finale yn de ferliezersronde mei 5-5/6-2 fan Jelle en Neeltje de Boer.
De finale gie tusken Tom Couperus/Talitha Dijkstra en Marco Rijpkema/Wilma Sjaarda. Tom en Talitha lieten sjen wat taktysk keatsen is en om op it goede plak te stean. Tom wie oeral wêr’t de tsjinstanners him net sjen woene. De fertsjinne winst gie dan ek nei Tom en Talitha, mei 5-3/6-4 wûnen se fan Marco en Wilma.

 

Rûn 18 oere rikten Dirk-Yde en Bauke de prizen út en wie it tiid om de fuotten omheech te dwaan, te bekommen en in lekker hapke en snapke te nimmen.

 

Tank oan ús stipers! Sûnder jim kin we net!

 

 

De priiswinners; allegear fan herte lokwinske!

 

A klasse
1e priis: Sjoerd Taeke Kooistra/Sietske Okkema
2e priis: Robert Sijbesma/Wiepkje Hiemstra
1e priis ferl.: Marten Faber/Marit Kuperus

 

B klasse
1e priis: Tjeerd en Mattie Dijkstra
2e priis: Bote Jellema/Anouk van Berkum
1e priis ferl.: René Rijpma/Imke van der Leest

 

C klasse
1e priis: Tom Couperus/Talitha Dijkstra
2e priis: Marco Rijpkema/Wilma Sjaarda
1e priis ferl.: Tjerk Okkema/Tine Bouma