Keatskes wike 24

De Eastereiners wienen net wolkom yn Wommels wer’t se doarpsfeesten hienen, dus wy koenen massaal de keatsfjilden wer ôf!

 

Freed 14 juny Federaasje ôfdieling yn Ysbrechtum:

Liset Sijbesma en Judith v/d Weerdt, Sander Velzen en Sibrand Stremler, Brecht Stegenga en Fianne Dijkstra, Tryntsje de Jong en Sanne Frouk Dijkstra stean hjoed op de list foar Easterein. Foar Tryntsje en Sanne Frouk wie it de allerearste kear op de federaasje. In ervaring ryker sil we mar sizze, jammer genôch 2x ferlern. Judith en Liset winne de krânse by de skoalfamkes!

   

 

Sneon 15 juny

KNKB ôfdieling yn Arum: de pupillen famkes binne hjir ôflast troch it wiete waar.

KNKB ôfdieling yn Menaam: de famkes wurde Nederlânsk Kampioen! En wy wienen dan net wolkom, mar fansels gjit de rûnrit dan wol efkes TROCH Wommels!

 

 

 

Snein 16 juny

 

KNKB froulju 1e klasse f.f. yn Seisbierum: Sietske Okkema wint de krânse en Roelie en Corrie keatse hjir ‘gewoan’ nei harren NK titel, sy winne de 2e priis yn de herkansingsronde.

KNKB froulju haadklasse f.f. yn Sint Jabik: Imke v/d Leest wint de krânse.