Update Kening op Sokken

De kaarten foar de Eastereiner ferzje fan ‘Kening op Sokken’ fleane oer de toanbank.

 

Op dit stuit binne der foar de try-out op woansdei 29 maaie noch in pear kaarten. De oare 3 jûnen binne útferkocht! Dêrom dogge we in ekstra foarstelling! Op moandei 3 juny wurdt ‘Kening op Sokken’ foar de lêste kear opfierd.

 

 

Woansdei 29 maaie 20.00 oere

Freed 31 maaie 20.00 oere (útferkocht)

Sneon 1 juny 20.00 oere (útferkocht)

Snein 2 juny 16.00 oere (útferkocht)

Moandei 3 juny 20.00 oere

 

 

 

Wêz der by!

Bestelle kin by Wilma Sjaarda fia info@kfeasterein.nl as 0515-851878.

Wy hâlde jim op de hichte!

 

 

 

Groetnis fan Karin, Mattie, Wiepkje, Wilma en Tettje