Keningsdeipartij – ferslach

 
De kâldste Keningsdei sûnt 20 jier! Dat soe bikkeljen wurde hjoed! De spieren waarden goed opwaarme sadat om 10.30 oere it earste baltsje fan it seizoen wer slein wurde koe. Untanks de net al te beste waarsfoarsizzing wie it hast de hiele dei droech, op ien fiks hagelbuitsje nei. Der stie in lekker fris wyntsje wat in ferskeidenheid oan keats-outfits sjen liet: fan t-shirts mei koarte mouwen oant mutsen én fan koarte broeken oant leggings ûnder de trainingsbroek. De iene hie wat mear nedich as de oar om op temperatuur te bliuwen.

 

 

 

De, yn totaal, 44 keats(t)ers wiene oer 3 klassen ferdield: manlju A , manlju B en froulju. 

By de A manlju 4 twatallen yn ien poule. 2 partoeren stutsen der wol echt boppe út, sy stiene yn de lêste partij tsjinoer mekoar en moasten yn die striid útmeitsje wa’t mei de krânsen nei hús gean soene. Dit waard in redelik maklike proai foar Doede-Rients Okkema en Jan Schurer troch te winnen mei 5-1/6-2 fan Danny Roos en Robert Sijbesma.

Yn de B klasse manlju wie der in moaie list fan 8 partoer. De finale yn de ferliezersronde waard wûn troch Jan Vellinga, Douwe-Durk Reitsma en Jan-Bouke Bouma mei 5-3/6-6 fan Harm-Auke Dijkstra en Tjerk Terpstra.

Yn de winnersronde kamen Marco Reijnhoudt, Hendrik Okkema en Tom Veldman yn de finale tsjinoer Hans Kooistra, Jorrit Veldman en Martin Overal te stean. Marco c.s. wûnen mei 5-2/6-6 en giene der mei de earehage fan troch.

De froulju wiene oanmekoar weage en hjirtroch wie it spannend oan it lêste momint ta wa’t de krânsen pakke soene. Mei it saneamde Snitser poule-systeem kaam it tafallich sa út dat de beste 2 partoeren yn de lêste omloop mekoar troffen. Op dat stuit, nei twa omlopen, hiene Janieke Dijkstra en Petra Jellema 14 punten Marije Hiemstra, Jitske Veldman en Yvonne Terpstra kamen ta 12 punten. Nei in foarsprong foar Janieke c.s. wûnen Marije c.s. de partij mei 5-5/6-2. Omdat se eksakt itselde oantal punten hiene moasten de tsjinearsten útslútsel jaan. Dit foel út yn it foardiel fan Janieke en Petra mei in ferskil fan 2 tsjinearsten. Dêrmei dus de krânsen foar Janieke en Petra en in 2e priis foar Marije H., Jitske V. en Yvonne.

Nei’t we om healwei 4-en alles oan ‘e kant hiene waarden de prizen útrikt ûnder lieding fan foarsitter Dirk-Yde mei syn 2 assistinten René en Wilma.

Mei tank oan stiper Oranjeferiening Oranje & Heitelân koe de neisit mei in hapke, drankje en gesellige musyk los gean!

 

A klasse manlju

 

1e priis (21 punten)
Doede-Rients Okkema
Jan Schurer

 

2e priis (15 punten)
Danny Roos
Robert Sijbesma

 

 

B klasse manlju

1e priis
Marco Reijnhoudt
Hendrik Okkema
Tom Veldman

 

2e priis
Hans Kooistra
Jorrit Veldman
Martin Overal

 

1e priis ferliezersronde
Jan Vellinga
Douwe-Durk Reitsma
Jan-Bouke Bouma

 

2e priis ferliezersronde
Harm-Auke Dijkstra
Tjerk Terpstra

 

 

Froulju

1e priis (19 foar/13 tsjin)
Janieke Dijkstra
Petra Jellema

 

2e priis (19 foar/15 tsjin)
Marije Hiemstra
Jitske Veldman
Yvonne Terpstra