KFE: Keatskampaksje 2016

Keatskampkommisje op de legere skoalle yn Easterein

 

Fanôf ôfrûne woansdei kinne alle bern harren op jaan foar it keatskamp dit jier!

En tafallich wienen der op dy dei twa boeven te finen op de basisskoalle. De twa boeven hongen earder dizze wike al op in ‘wanted poster’ op skoalle, dus de bern wisten se perfekt te herkennen.

De boeven hienen namlik in pûde mei keatsballen stellen en dat koe fansels net! Dêrom ha alle skoalbern se fuort arrestearje kinnen tegearre mei de agint dy se ek al op it spoar wie.

 

It tema is dus finzenis en alle bern wurdt frege de moaiste CELfie te meitsjen en dizze op facebook.com/keatskamp te setten.

Dêrmei binne de earste bonuspunten alwer te fertsjinjen!”