KNKB: NK Froulju en 50+

knkb logo webOp de dei sels….

 

St Nyk – NK Manlju 50+

Yn St Nyk winne Douwe Durk, Roel en Sipke ferrassen de 1e omloop fan Dronryp mei 5-4:6-6. Yn de 2e omloop tsjin Winsum wurdt ferlern mei 5-4:6-4 en sa koenen Durk vd Leest (Dronryp) en Sipke Hiemstra efkes letter tegearre nei de dochters sjen dy’t foar Easterein yn Jortwert op it NK stienen.

Berltsum mei Sape Nauta, Johannes Siegersma en Fedde vd Graaf wint yn St Nyk it NK foar manlju 50+. Lokwinske! Sjoch op KNKB-site foar alle NK-berjochten.

 

 

Jorwert – NK Froulju

By de 100-jierrige jubilaris Hâld Moed yn Jorwert stienen 29 partoeren op de list. Easterein begûn tsjin Bûtenpost en wûn dat ienfâldich mei 0-5:2-6. Yn de 2e omloop in spektakulêre partij tsjin Frjentsjer. Samar trije earsten efter en doe ek noch 4-1. Mar de froulju knokke har werom nei 4-4 en op 5-5:6-0 pleatst Marije in sitbal en komme se dochs op de 3e list.

 

Dêr treffe se Grins dat earst al knap wûn hie fan St Anne, 1-5:4-6 en doe fan Holwert, 1-5:2-6. Easterein begjint hiel goed en nimme in 0-3 foarsprong. Mar Grins komt yn de wedstriid en komt op 3-3. As Imke op 3-3:6-6 boppe slacht ha se wer in buordjse foarsprong. Grins pakt dan in skjin earst mei trije boppeslaggen fan Aukje, 4-4 en nimme dan sels in 5-4 foarsprong.

 

Op 5-4:2-6 slacht Aukje van de boppe oer de kwea en Easterein stiet op 5-5. Eilaas pakt Grins de 6-0 en Marije wit noch in knappe sitbal te pleatsen, mar op 5-5:6-2 slacht Marije vd Meer boppe en bringt dêrmei Grins yn de heale finale. Easterein hat prachtige en frjemde wedstriden keatst en it foel dit kear de ferkearde kant út.

 

Berltsum mei Ilse Tuinenga, Leonie vd Graaf en Harmke Siegersma wint it yn Jorwert.

Lokwinske! Sjoch op KNKB-site foar alle NK-berjochten.

En de site fan Henk Bootsma Fotografie

 


 

 

 

Kommend wykein binne de Nederlânske Kampioenskippen foar de froulju en manlju 50+.

 

De wedstriden binne ek live te folgjen op de KNKB-site

 

Froulju

Foar Easterein keatse de froulju Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma. Se binne partoer 24 en begjinne tsjin Bûtenpost.

De froulju keatse yn Jorwert en der steane 29 partoeren op de LIST NK FROULJU.

 

In soad sukses tawinske Froulju!

 

 

Manlju 50+

Ek by de manlju 50+ in protte 50-plussers dy’t wol nei it NK woenen of koenen, mar der is keazen foar de trije manlju dy’t ek it hiele seizoen al in soad op de KNKB-wedstriden fan de 50+ keatst ha.

Foar Easterein keatse Douwe Durk Reitsma, Roel Sijbesma en Sipke Hiemstra. Se binne partoer 8 en begjinne tsjin Dronryp.

De manlju 50+ keatse yn St Nyk en der steane 22 partoeren op de LIST NK MANLJU 50+

 

Sukses manlju!