Marije & Imke winne Frouljus PC

 

20120822 FrouljuspC_Winners 

IMKE, AUKJE en MARIJE winne FROULJUS PC!

 

Hjoed yn Weidum waard histoarje skreaun troch Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Aukje van Kuiken. Foar Aukje histoarje, want hja helle har fjirde wimpel (Ald-Meiers, Jong-Famme, Nederlânsk Kampioen en winner Frouljus PC). Mar seker foar Marije en Imke, de earst froulju fan Easterein dy’t de frouljus PC winne.

 

Moandei by de lotting stienen se al te ‘dûnsjen’ om it moaie lot. In haadklassepartoer mei trije earsteklaspartoeren yn it lêste blokje. ‘Allinnich efkes twa omlopen winne’ en dan yn de finale! En dat slagge ek.

 

Tsjin Ilse Noorman, Anke Winkel en Bianca vd Veen waard it 5-2:6-6. Yn de twadde omloop hienen se it doch wol efkes dreech tsjin it dappere partoer fan Marie Jetske Lettinga, Klasine Huistra en Geke de Boer, 5-3:6-2.

 

De tsjinstanner yn de finale wie it partoer fan Nynke Sybrandy, Maaike Osinga en Wiljo Sybrandy. Dizze froulju hienen de 1e omloop wûn fan Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer, 1-5:0-6.

Yn de 2e omloop ferrasten se troch de kânshawwers Iris v.d. Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra mei 1-5:6-6 te ferslaan. In geweldige partij. En yn de heale finale fersloegen hja it oare kânspartoer fan Harmke Siegersma, Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra mei 5-5:6-2 nei in 5-2 foarsprong.

 

Op dat stuit wie it partoer Nynke Sybrandy c.s. de ‘smaakmakers’ fan de Frouljus PC en dat soe noch in drege pot wurde foar Marije, Imke en Aukje, sa tocht elk wol.

 

It soe oars rinne. Nynke, Maaike en Wiljo koenen twa earsten pakke, mar wienen sa goed as útkeatst en koenen it net mear risse. Mei in moai lot en deeglik keatsen yn de finale waard de Frouljus PC wûn troch Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Aukje van Kuiken.

Keningin waard Aukje fan Kuiken mei 8 stimmen (Marije 7 en Imke 3). Mar it feessie is doch yn Easterein!

 

 

De oare partoeren

 

Anke Marije Pompstra keatst mei har maten Sanne Velsma en Mariska Hoogland tsjin de kânshawwers foar de winst op de PC, Iris vd Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Se begjinne sterk mei 1-1, mar dêrnei slagget it net om by te bliuwen. Iris vd Veen c.s keatste hiel sterk en deeglik nei in 1-5:2-6 oerwinning.

 

De nichten Martine Tiemersma en Tineke Dijkstra meitsje harren debút op de froujus PC en moatte daliks tsjin elkoar. Martine keatst mei Nelie Steenstra en Margriet Bakker. Tineke keatst mei Judy Bergsma en Marije van der Meer. Tineke komt mei har partoer op in 0-3 foarsprong, mar dan nimme Martine endy it oer en komme 5-3 foar. It wurdt ek noch 5-5, mar op 6-2 giet Martine c.s nei de twadde omloop.

Dêr wurdt ferlern fan it partoer fan de susters Leonie de Graaf en Fenna Zeinstra mei no Harmke Siegersma der by. It wurdt 5-0:6-6.

 


Yn de media…

KNKB.nl: Marije, Imke en Aukje winne de PC

KNKB.nl: Frouljus PC – de winnaars

Kaatsnieuws.com: Verrassende winnaars Dames PC

Henk Bootsma Fotografie

AW Fotografie

Radio Eenhoorn Sport 

Friesch Dagblad.nl (deel)

Op ‘e Skille.nl

Bolswards Nieuwsblad.nl


 

 

It feessie de jûns

De froulju kamen in oer as acht yn Easterein en gienen mei hynder en wein troch it doarp Easterein. Dêrnei op nei it ferieningsgebou De Skoalleseize dêr’t de froulju binnen helle waarden mei ‘We are the champions’.

Der wienen aardich wat famylje, freonen, doarpsgenoaten en keatsleafhawwers nei it feessie takommen. It wurdt waard fiert troch Anco Elgersma út namme fan keatsferiening Easterein dy’t no nei de suksessen op de Manljus PC no ek foar it earst winners fan de Frouljus PC yn it doarp hat.

Dêrnei in wurdsje fan Silvia Hania fan Doarpsbelang Hâld Faesje en ferfolgens de trainer Durk vd Leest dy’t it partoer tasprekt. Dêrnei efkes in moai feessie en doe is it partoer ôfset nei Weidum om der noch efkes it feest yn te gean!

De offisjele huldiging fan it partoer sil letter plakfine en dan wierskynlik yn Ie.

Inkele foto’s… (letter mear)

20120822 FrouljusPC_feest1

20120822 FrouljusPC_feest2

20120822 FrouljusPC_feest3

20120822 FrouljusPC_feest4

20120822 FrouljusPC_feest5