It Eastereiner keatswykein!
Mei hjoed in aktiviteit foar de bern, moarn de Jong-Feinte partij en op sneon de Okkema partij.
Moarn 11 july 2026 giet it fan 10.00 oere ôf hinne op sportpark De Skoalleseize yn Easterein, de 21e edysje fan de Jong-Feinte partij. Doche jimme ek de flach út?
De tagong is fergees, der is in springkessen foar de bern en middeis spilet der muzyk foar in gesellige neisit!
Snein 12 july sil de Okkema partij plak fine. In gesellige frije formaasje partij foar froulju en manlju!


