Hjoed is it wer safier: de 21ste edysje fan de Jong-Feintepartij yn Easterein!
De bysûndere ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier bringt ek dit jier wer de bêste jonge keatsers byinoar. In prachtige partij dy’t sûnt 2005 de brêge slacht tusken de jonges- en de senioarenkategory en jonge keatsers stimulearret om troch te groeien yn it KNKB-keatsen.
Fansels wurdt der wer striden om de prestizjeuze Sulveren Leest, de prachtige wikselpriis beskikber steld troch Jan Hiemstra út Frjentsjer.
It belooft wer in dei fol moaie partijen, spanning en striid te wurden. Kom lâns op it keatsfjild yn Easterein en moedigje de jonge toppers oan!
Kinst der net by wêze? De wedstriid en tuskentiidske útslaggen binne de hiele dei te folgjen fia de webside fan de KNKB. Folgje ek ús socials foar foto’s, fideo’s en updates fan de dei!



