Skip to content

Ferslach nachtkeatsen 29 augustus 2025

Op freedtejûn 29 augustus wie it einliks safier: nachtkeatsen foar ús jeugd! In jûn fol wille, spanning en fansels in protte moaie slagen.

Wy begûnen de jûn op de bêste wize: mei-inoar lekker patat ite. Dêrnei waard der serieus keatst. Sa fertelde Hieke oer de earste omloop: “Dizze sêfte bal slacht lekker út, ik hie in protte boppe.” En seach Fenne dat Sanne Frouk de dreechste hoekjes opsocht by de opslach!

Berber en Iris wienen goed op elkoar ynspile: “Iris stie altyd moai achter my klear om oan te kearen.” En Lotte seach in moaie aksje fan har maat: “Marrit hie moaie platte ballen.”

Folkert hie in spannende partij: “Sven sloech in bal út en ik sloech him hielendal werom yn it perk.”

De sfear wie geweldich en alle bern hawwe har fan harren bêste kant sjen litten. As wy freegje wa’t it leukste fan de pot fûn, antwurdet Meike sûnder twifel: “Boppe slaan!”

It wie in prachtige jûn mei in protte entûsjasme en moaie mominten. In grut tank oan alle bern dy’t meidien ha en oan de frijwilligers dy’t it mooglik makke ha. Op nei de slotdei snein 7 septimber!

Hjirûnder de priiswinners:

Kabouters:

1ste priis

A – Merthe van Dijk

B – Jens Kooistra

2e priis

A – Djurre Faber

B – Meike Faber

3de priis

B – Benthe Kamstra

 

Welpen:

1ste priis

A – Redmer Kamstra

B – Hielke Tuinstra

2de priis

A – Sven Sijbesma

B – Folkert Joustra

3de priis

B – Wout Dijkstra

 

Pupillen/skoaljeugd

1ste priis

A – Marrit van der Weij

B – Harmen Joustra

2de priis

A – Femke Paauw

B – Sanne Frouk Dijkstra

3de priis

A – Jelke Sijbesma

B – Bauke Jan Dijkstra

Back To Top